Akkoart Feriene Naasjes: yn 2030 moat 30% fan ierde beskerme gebiet wêze

desimber 20, 2022 08:43 Fernijd

De hast twahûndert dielnimmende lannen oan de top fan de Feriene Naasjes oer bioferskaat yn Montreal binne it iens wurden oer maatregels om ekosystemen en biste- en plantesoarten te beskermjen. Nei hast twa wike ûnderhanneljen leit der in akkoart. Der is ûnder mear ôfpraat dat yn 2023 yn elts gefal tritich persint fan al it lân en wetter op ierde beskerme gebiet wêze moat.

Foto: pixabay.com

No hat hast sechtjin persint fan it lân en de binnenwetters en goed acht persint fan de seeën en oseanen in offisjele beskerme status. Aanst hawwe foaral gebieten dy’t fan belang binne foar it bioferskaat te krijen mei beskermjende maatregels, stiet yn it akkoart. Hoe’t dy der krekt útsjogge, is net dúdlik. Beklamme wurdt wol dat de rjochten fan ynlânske folken en lokale mienskippen respektearre wurde moatte. De lannen hawwe ek ôfpraat dat it risiko dat soarten troch tadwaan fan de minsken útstjerre, yn 2050 tsien kear sa lyts wêze moat as no.

Allinnich Kongo stipe it akkoart net, út ûnfrede mei de útstellen oer finansiering fan de maatregels. Yn it akkoart stiet dat lannen de kommende jierren mear jild frijmeitsje moatte foar it behâld fan it bioferskaat. It is de bedoeling dat rike lannen yn 2025 sa’n tweintich miljard dollar jiers betelje. Yn 2030 moat dat oprûn wêze ta op syn minst tritich miljard. Yn totaal moat yn dat jier sa’n 200 miljard dollar beskikber wêze, ek mei help fan ûnder mear partikulier jld en fûnsen.

De fertsjintwurdiger fan Meksiko rôp lannen, nei de beswieren fan Kongo, op om mei de ôfspraken yn te stimmen. Syn pleit waard mei in steande ovaasje ûntfongen. Efkes dêrnei konkludearre de Sineeske foarsitter fan de top dat it akkoart oannommen wie.

Bioferskaat nimt ôf
Mei bioferskaat wurdt alle libben op ierde bedoeld: fan planten en bisten oant mikro-organismen en skimmels. De ôfrûne desennia is it bioferskaat rap ôfnommen, trochdat ferskillende soarten bisten en planten ferdwûn binne en besteande populaasjes hieltyd lytser wurde. Guon wittenskippers binne bang dat de saneamde sechde ekstinsjeweach begûn is, oftewol in mânske útstjerweach. De fiifde eksinsjeweach wie 66 miljoen jier lyn, doe’t de dinosauriërs útstoaren.

De bioferskaattop yn de Kanadeeske stêd Montreal begûn noch gjin trije wike nei’t yn Sharm-el-Sheih in akkoart sletten wie oer maatregels tsjin klimaatferoaring. Op de klimaattop yn Egypte waarden ûnder mear ôfspraken makke oer in wrâldwiid fûns foar klimaatskea.

desimber 20, 2022 08:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.