A7 op syn minst healjier ticht

desimber 29, 2022 19:25

De A7 tusken Snits en De Jouwer is al in hoart yn beide rjochtingen net te brûken, trochdat it grûnwetter in elemint yn de Prinses Margryttunnel omheech drukt. Dy druk wurdt tsjingien mei sawat 10.000 sekken sân. De wei is ôfsletten en it ferkear wurdt omlaat. Ofrûne woansdei hawwe bestjoerders fan Rykswettersteat, provinsje Fryslân en de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren byinoar west om ôfspraken te meitsjen.

Prinses Margryttunnel by Twellingea. Boarne Wikypedy, CC BY-SA 2.5

Rykswettersteat ûndersiket sa gau mooglik de oarsaak. Earst as dy dúdlik is kin oan in oplossing tocht wurde. Omdat it om in komplekse situaasje giet, kin ien en oar wol in healjier duorje, tinke se by Rykswettersteat. De provinsje sit oer de gefolgen fan de omliedingen yn. Wegen dêr’t it ferkear no lâns moat, binne dêr net op berekkene. Der wurdt besocht om de oerlêst foar brûkers en omwenners ta in minimum te beheinen. Yn april begjint it faarseizoen. Dêr sil ek safolle mooglik rekken holden wurde moatte.

In wurkgroep giet fuortdaliks oan ’e slach om oeral op yn te spyljen. Healwei jannewaris sil der opnij sa’n ynterbestjoerlik oerlis holden wurde.

desimber 29, 2022 19:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.