Musea yn fuortbestean bedrige

desimber 3, 2022 12:39

De Museumfederaasje Fryslân, dy’t de belangen fan santich oansletten musea behertiget, hat fan ’e wike yn in iepen brief oan de gemeentebestjoeren pleite foar in aktive gemeentlike oanpak, no’t de musea nei de koroanaswierrichheden op ’e nij yn harren fuortbestean bedrige wurde troch alles wat út de enerzjykrisis fuortkomt.

Yn de brief wurde suggestjes oan ’e hân dien foar it helpen fan musea lykas mei de musea besjen wêr’t de gemeente harren mei stypje kin, oft de hier beferzen of ferlege en subsydzjes yndeksearre wurde kinne, en oft foar ien kear in fergoeding foar enerzjy- en ynflaasjeskea jûn wurde kin. Yn ’e mande mei toeristyske organisaasjes soene gemeenten de musea helpe kinne om mear besikers en saaklike hierders oan te lûken.

De brief is hjir te lêzen.

desimber 3, 2022 12:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.