Yn Grins wurdt it Frysk de nekke omdraaid
Resint ferskynd
Skôging
Tsjin alle ôfspraken en advizen yn is der oan de RUG gjin nije heechlearaar Frysk beneamd. Wêrom net? Follow the money!
Pier Bergsma

Akademygebou fan de Ryksuniversiteit Grins. Foto Pier Bergsma
Sneon 5 novimber hâldt DINGtiid yn De Koperen Tuin in gearkomste mei as titel “30 jaar Europees handvest: drijfzand of dansvloer”. Yn swakke mominten freegje ik my ôf oft sa’n hânfêst foar it Frysk eins wat opsmyt. Deselde fraach haw ik by DINGtiid en sels by de BFTK, de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer.
In pear foarbylden: Yn jannewaris fan dit jier kaam DINGtiid, it Orgaan foar de Fryske taal, mei ‘Ynput foar profyl nije heechlearaar Frysk (RUG)’. It soe gean moatte om sichtbere en sterke universitêre frisistyk as krúsjaal ûnderdiel om de libbensfetberheid fan it Frysk te boargjen. Dêr is neat fan telâne kommen. Hoe kin soks?
DINGtiid is net de iennichste organisaasje dy’t moaie dingen skriuwt. Sa hawwe wy de BFTK, de bestjoersôfspraak Fryske Taal en kultuer tusken it Ryk en de Provinsje. Oer de Learstoel Fryske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins stiet dêr skreaun dat der binnen de oplieding Minorities & Multilingualism in learstoel en in track Fryske taal- en letterkunde bestiet. It Ryk en de provinsje sille harren der beide foar ynspanne. Mar gjin heechlearaar dus! Hoe kin soks?
Wy hawwe op it stuit krap 6000 heechlearen yn Nederlân, mar nei’t Goffe Jensma mei pensjoen gien is gjin heechlearaar Frysk mear. Der wurkje 400 heechlearen oan de RUG, mar foar de twadde rykstaal is no mei de beneaming fan Anne Merkuur twa dagen yn ’e wike útlutsen. Net as foltiid-heechlearaar, mar as part-time universitêr dosint, wylst de RUG in omset hat fan krap in miljard yn it jier. Hoe kin soks?
Follow the money! Neist de ryksbydrage fan Underwiis, Kultuer en Wittenskippen (UKW) oan de Ryksuniversiteit Grins begruttet it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes foar de rintiid fan de BFTK alle jierren € 110.000 en begruttet de provinsje Fryslân alle jierren € 110.000 foar de learstoel Fryske taal- en letterkunde oan de RUG. De RUG matcht út de niisneamde UKW-bydrage sels nochris mear as in tredde part. Ik freegje my ôf wêr’t al dat jild no bliuwt – minimaal €350.000,- it jier. It wurdt yn alle gefallen net útjûn oan de relatyf goedkeape Anne Merkuur
De Ryksuniversiteit freemt de saak no fernimstich as wol dy graach meibetelje oan Frysk en binne se dêr de good guys. Underwilens strykt dyselde de Ryksuniversiteit lykwols temûk mear as twa ton it jier op om út te jaan oan oare saken. De RUG freemt it as wiene der gjin gaadlike kandidaten foar de funksje fan heechlearaar. Underwilens ûntstride de kenners yn it fjild dat.
Yn Grins binne earder al Finsk, Hongaarsk en oare talen der as stúdzje út smiten. Te min studinten! Kostet te folle! En no folget dus tsien jier letter Frysk ek. Mar foar al dy oare talen kin men nei it bûtenlân, nei Helsinki of Boedapest. Frysk bestiet allinnich yn Grins. Oant 2012 bestie Frysk yn Grins út sawat fjouwer folsleine banen. Dêr is minder as ien baan fan oer en de rest fan it jild giet nei alle gedachten no nei Minorities en Multilingualism dat him hieltyd mear ûntjout as ien fan de tûzenen stúdzjes oer diversiteit yn de wrâld: Ingelsktalich fansels!
Der wurdt sein dat Frysk in lytse taal is. Dat is it IIslânsk ek. Dat wurdt ek troch sa’n 300.000 minsken praat. Yn dat lân is de universitêre struktuer foar de taal aardich better as by ús. Der wurdt sein dat der te min studinten Frysk binne. Ja, dat sil wol mei in provinsjaal bestjoer dat gjin easken stelt oan de taalfeardigens Frysk fan syn meiwurkers en mei in universiteit dy’t earder tsjiniggewearret as meiwurket.
Ta beslút: DINGtiid joech yn 2021 foar syn wurk en advizen € 150.926,36 út. Dêr hie ek in heechlearaar foar oansteld wurde kinnen. Hooplik komt dy der dochs noch om tagelyk mei Anne Merkuur stal te jaan oan ús taal en kultuer.
Pier Bergsma wie oant ôfrûne maitiid foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging.
Dizze skôging stie op tongersdei 3 novimber op de opinyside fan de Leeuwarder Courant.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje