Wurkje, wenje, wyn: wat moat wêr yn Fryslân? (ôflevering 3)
Resint ferskynd

Sijbe Knol. Foto © Arjen J. Dykstra
Der stie moandei 21 novimber al in lyts ferslach fan de Fedde Schurerlêzing 2022 op It Nijs, mei oangeande de tredde sprekker:
“Sijbe Knol, Steatelid foar de FNP, fynt dat de plannen fan Fokkens gjin takomstfyzje sjen litte. It jild foar de Lelyline kinne we better ynvestearje yn eigen Fryske ynfrastruktuer en de mienskip yn Fryslân. Wy hawwe hjir genôch fearkrêft om ússels te rêden. Wy moatte ús net rjochtsje op de Rânested, wy binne ûnderdiel fan in grutter Europa.”
Hjirûnder syn folsleine bydrage.
De bydragen fan de oare beide sprekkers stiene earder al op It Nijs:
Sjoch hjir ôflevering 2, de bydrage fan deputearre Fokkens
Sjoch hjir ôflevering 1, de bydrage fan ryksboumaster Francesco Veenstra
In Fryske oanpak foar in bettere takomst
Middei Dames en Hearen. Moai dat de seal sa goed fol is. Tank oan de organisearjende en belutsen organisaasjes. Ek in wurd fan tank oan Tresoar dat wy hjir yn dizze prachtige romte terjochte kinne.
It is bysûnder om hjoed sprekke te meien op de Fedde Schurerlêzing. Op de kop ôf 71 jier nei Kneppelfreed. De dei dat der in wichtich fûnemint foar de Fryske taal ôftwong waard. Dat ik hjoed-de-dei oeral yn dizze provinsje myn taal, de taal fan it hert, dêr’t ik yn tink, dream, praat en de leafde yn fûn, brûke kin, sjoch ik as in direkt útfloeisel fan de striid dy’t op en nei 16 novimber 1951 west hat. Mar it bliuwt in striid dy’t noch hieltyd konstant oandacht fertsjinnet.
Wa’t hjoed stevige oneliners fan in hardliner ferwachtet, sil ik teloarstelle moatte. It wurdt tiid foar in ferhaal op de ynhâld en dêr is dit neffens my by útstek it plak foar. Fansels nimme wy ôfskied fan grutte wurden as Deltaplan voor het Noorden en Lelylijn, mar ik wol jo graach meinimme yn it ûnderlizzende ferhaal fan it ôfskied. Sjoch it as in grêfrede foar it Haachske koartetermyntinken en in waarm pleit foar de takomstfyzje dy’t Fryslân fertsjinnet yn ien. De nammen Deltaplan voor het Noorden en Lelylijn steane no krekt it iepen debat oer dy takomst fan ús provinsje yn ’e wei.
Dat moat in debat yn de folle breedte wêze. Wêr’t wy op ta wolle soe yn it earste plak in fraach oan de ynwenners sels wêze moatte. Politisy en bestjoerders kinne, of moatte eins de dilemma’s sketse, mar net oer de hollen fan ús ynwenners in blaudruk oplizze. Der is yn ús provinsje ek alle romte foar om ús mienskip wol goed mei te nimmen.
Yn Fryslân wurdt fanâlds oeral en op allegearre manieren gearwurke. Koöperaasjes en oare gearwurkingsferbannen binne der lyts en grut, doarpsbelangen en wykfertsjintwurdigingen helpe ús ynwenners om dingen te berikken, der binne foar fan alles en noch wat ferieningen en stiftingen dy’t it realisearjen fan de winsken fan ús mienskip mooglik meitsje, der is in hiele warbere mienskip. Foardat ik yngean wêrom’t wy in nij startpunt nedich hawwe, jou ik graach in skets fan hoe’t dit no allegearre rûn is yn de ôfrûne pear jier.
It wie noch yn de hjerst fan 2020, yn de oanrin fan de Twadde Keamerferkiezings in pear moannen letter. It CDA-Keamerlid Amhaouch kaam doe mei in moasje dy’t de regearing oantrune om:
‘in samenwerking met de vier noordelijke provincies een deltaplan van en voor het Noorden op te stellen […] om de bereikbaarheid en het wonen en werken in het Noorden te stimuleren, waarbij de Lelylijn een belangrijk onderdeel is’,
mei de konstatearring dat:
‘een deltaplan voor en van het Noorden bijdraagt aan het toekomstig groeivermogen van Nederland’,
en de oerwagingen dat:
‘de Lelylijn de vier noordelijke provincies in staat stelt een schaalsprong te maken voor een goede bereikbaarheid’, en ‘de koppeling met de grote woningbouwopgave van 100.000+-woningen positief bijdraagt aan de haalbaarheid en als een economische katalysator werkt.’
In skaalsprong dus. Mear de keppeling fan mear as 100.000 wenningen dy’t de oanlis fan de spoarline mooglik makket en wurkje sil as in ekonomyske katalysator. Dat binne de pylders ûnder it Deltaplan voor het Noorden.
Mei de ferkiezings foar de doar seagen lanlike politisy in kâns om fan har wize fan tinken út ek it noarden te betsjinjen. Oer it algemien wiene se tige posityf oer it Deltaplan voor het Noorden. Provinsjebestjoerders fan Grinslân, Drinte, Flevolân en Fryslân rûnen foarop en begearich nei lanlike jilden diene se flot in oanbod om 220.000 wenten ekstra by te bouwen yn ‘Noordelijk Nederland.’ Noardlik Nederlân – is dat in nije bestjoerlike regio? In hiel skoft letter lei der in nij regearakkoart. Der waard trije miljard euro reservearre troch Rutte IV, om op termyn de Lelyline oan te lizzen. Mei as betingst dat der ek jild komt út de regio en út Europeeske fûnsen. Sûnt dy tiid binne der withoe folle artikels en opinys yn de Fryske kranten ferskynd. Politike partijen hawwe stelling ynnaam oer it Deltaplan voor het Noorden, net yn it lêste plak myn eigen FNP.
Mar wêr giet it no allegearre einliks om? Wa’t útzoomt nei it basisidee efter it Deltaplan en dêrnei ynzoomt op de ûnderbouwing, fynt de yngrediïnten foar dy skaalsprong yn in tsjokke steapel rapporten, prognoazes en in soad besiferingen. Wat stiet dêr dan yn?
No: foarsjenningen binne net mear yn stân te hâlden, tsjinsten lûke fuort, de befolking fan Fryslân hat te kampen mei dûbele fergrizing: de minsken wurde âlder en der binne hieltyd mear âldere minsken, it ynkommen is yn trochsneed in stik leger by ús en ús opliedingsnivo sit ûnder it lanlik gemiddelde.
Der is foar tsientallen miljarden út de gasfjilden ûnder ús fuotten weihelle. De opbringsten binne meastentiids net by ús ynvestearre. Nederlân hat ferlet fan in soad nije wenningen en mar in bytsje frije romte. Dêrneist is der in lange rige útdagingen dy’t ek in soad romte freegje: klimaatoanpassing, ferduorsuming fan de enerzjy, de lânbou, it wetterbehear en nije bedriuwen en yndustry. Minister Hugo de Jonge wol 900.000 wenningen yn Nederlân bouwe. Der is in striid om de romte geande. Op grûn fan de sifers soene nije ynvestearrings yn Nederlân dan moai yn ‘Noordelijk Nederland’ kinne, dochs? Dêr is ommers relatyf de measte frije romte, foar de leechste priis? En as der mear reuring komt, mear minsken komme, mear bedriuwen, dan blykt sifermjittich dat de foarsjenningen makliker oerein bliuwe kinne. It is ek wolris tiid dat De Haach wat mear nei Fryslân, Grinslân en Drinte omsjocht. Effisjint, earlik en oantoand troch spreadsheet-berekkeningen. Oernaam troch bestjoerders en politisy dy’t graach oan EXCEL-polityk dogge.
Wa’t mei in dwerse blik en fan in bytsje mear ôfstân sjocht, kin himsels de fraach stelle oft wol alle aspekten meinaam binne? Hawwe de foarstanners fan it ‘Deltaplan voor het Noorden’ miskien in pear hiel wichtige dingen fergetten? Bliuwt de argumintaasje fan de foarstanners dan noch wol oerein? Want wêr is it aspekt fan de saneamde brede wolfeart oant no ta yn de diskusje oan bar kaam? Yn it ferfolch fan myn betooch sil ik dêrop yngean.
‘Je hoeft hier niet vanaf je zestiende rendabel te zijn.’ Yn maaie fan dit jier stie der in stik yn de Groene Amsterdammer oer de Fryske paradoks. Dêr sille jimme yntusken allegearre bekend mei wêze. Friezen hearre by de lokkichste ynwenners fan Nederlân, mar op oare listjes skoare wy wat minder, foaral as dy ferbân hawwe mei sosjaal-ekonomyske saken. Wêrom?
It wichtichste foar de positive beoardieling is de libbenskwaliteit yn ús provinsje. De romte, de taal en kultuer en de relatyf sûne libbensomstannichheden.
It tinken oer de takomst fan it lân is oan it feroarjen. Sitaat: ‘Is het niet zaak om juist te investeren in de sterke punten van Fryslân in plaats van de zwakke punten te bestrijden?’ Dat sei professor Marijn Molema, dy’t wurket by it Frysk Sosjaal Planburo en by de Universiteit fan Grins. Foar guon minsken wie dat flokken yn tsjerke, mar foar oaren in aha-erlebnis. In mindere finansjeel-ekonomyske situaasje hat net automatysk in minder noflik libben as gefolch. Modernisearring, yndustrialisearring en ferstedsking drage net automatysk by oan in grutter gefoel fan gelok. Sterker noch: wa’t sjocht nei de problemen fan de grutte stêden kin tsjintwurdich ek de fraach stelle oft wy de grinzen net al lang berikt hawwe? Of meitsje dat grutstedske tinken en it oanjeien fan finansjeel-ekonomyske maksimalisaasje diel út fan in fallyt systeem, dat mear kwea as goed docht? Wa’t de útgongspunten fan it Deltaplan voor het Noorden by dy mjitlatte del leit, sjocht in belangekonflikt ûntstean.
Fryslân hat oer it algemien in soad mbû-oplate jongelju. Sa’n 70% fan de ynwenners komt op de arbeidsmerk mei in mbû-diploma yn ’e bûse. It persintaazje hbû’ers en universitêr oplate jongelju is leger as yn oare provinsjes, mar is dat slim? Yn Fryslân wurkje de measte minsken yn in straal van 15 kilometer fan har wurkplak. It grutste part fan de mobiliteit is dus binnen de regio. De diskusje oer in trein nei de Rânestêd en de rest fan Europa giet oan dy minsken foarby. Sy binne ôfhinklik fan de auto of yn geunstige gefallen fan it iepenbier ferfier. Krekt dy foarsjenning wurdt jier nei jier minder en minder betrouber. Buslinen falle fuort, benzine en disel binne djoer. Fansels komme dy minsken ek wolris bûten de provinsje en sille se in flugge ferbining dan fêst op priis stelle. Mar it giet om hoe’t minsken yn it libben stean. Hoe’t se nei de wrâld sjogge en wat se dêryn it belangrykst fine.
Om dat goed te begripen kin ik elkenien it boek The road to somewhere fan de Britske sjoernalist en skriuwer Goodhart fan herten oanriede. Goodhart besiket yn it boek de twadieling yn it Feriene Keninkryk te ferklearjen, dy’t sa dúdlik waard by it referindum oer de brexit. Hy sjocht in skieding yn de maatskippij tusken de saneamde ‘somewheres’ en ‘anywheres’. De minsken dy’t bûn binne oan in bepaald plak en de minsken dy’t har oeral op de wrâld wol thús fiele. De ‘anywheres’ wolle frijheid, autonomy, yndividualisme, oer de wrâld reizgje. De ‘somewheres’ hechtsje oan in groepsidentiteit en oan tradisjonele ferbannen en bliuwe meast tichter by hûs. It binne fansels sjabloanen; in soad minsken sille der wat tuskenyn sitte, somtiden mear ‘somewheres’ en somtiden mear ‘anywheres’ wêze.
De kasus fan it Deltaplan voor het Noorden spilet krekt yn dat spanningsfjild: mobiliteit foar gruttere ôfstannen en fernijing foar lokale/regionale mobiliteit oer en fêsthâlde oan besteande kwaliteiten. Bewenners fan it Fryske plattelân komme no gjin bus mear yn it doarp tsjin en lêze yn de krante oer krimp en lytser wurdende budzjetten foar it iepenbier ferfier. Sy krije fan de oerheid it boadskip dat der in Lelyline, in flugge ferbining foar in bettere takomst komme moat. Om dy hjir oer mear as tsien jier te krijen, wurdt in lobby ynset dy’t de belestingbeteller miljoenen kostet. Dat is takomstmuzyk dy’t konfliktearret mei wêr’t no ferlet fan is. Wa’t gjin each of te min each hat foar in grutte groep ynwenners fan ús provinsje is net by steat en fier in goed debat oer de takomst fan Fryslân.
As wy wat djipper sjogge nei de ferskraling fan de foarsjenningen op it plattelân fan Fryslân, dan binne dêr redenen foar. Neffens de Ljouwerter Krante ferdampte der yn de lêste tsien jier goed hûndert miljoen euro oan budzjet by de gemeenten. De gemeenten krigen der wol nije taken by, mar gjin frijheid om in eigen kar te meitsjen, gjin beliedsfrijheid. De foarskriften út De Haach wiene spitich genôch faak fan it type: ‘one size fits nobody.’ Der siet foar de gemeenten faak neat oars op as om te snijen yn de publike foarsjennings: it swimbad, de biblioteek, de kulturele wrâld yn brede sin, sosjale aktiviteiten.
Dat binne no krekt de foarsjennings dy’t essinsjeel binne foar de sosjale struktuer fan ús provinsje. Wa’t útsprekt dat wy rjocht hawwe op grutskalige ynvestearrings, moat ek erkenne dat de dingen dy’t kwetsber binne en oan de basis steane foar in goed libben yn Fryslân de prioriteit krije moatte. It giet om ynvestearrings yn de folle breedte, foar de hiele befolking en dêr’t ús ynwenners tagong ta hawwe. Der bestiet no te folle spanning tusken grutte takomstfisjoenen en wat der no nedich is.
Yn 2006 spruts skriuwer Geert Mak yn Oranjewâld by de earste Opstal-gearkomste fan de Fryslân Bank; wa’t syn essay Drie verleidingen onder de Opstalsboom no, anno 2022, werom lêst, sjocht hiel folle oerienkomsten mei de diskusje dy’t op it stuit fierd wurdt. Ien fan de wichtichste advizen oan it publyk wie: ‘Hoedt u voor de cargo-cult’. Wat Mak bedoelde wie neiaapgedrach, om mar foardieltsjes binnen te heljen. Mear konkreet: stêden en regio’s dy’t troch it oanloklike jild dat boppe de merk hinget dat opofferje wat har no krekt posityf fan oaren ûnderskiedt.
It Deltaplan voor het Noorden wurdt troch de foarstanners presintearre as in oplossing dy’t de measte problemen foar it grutste part oplosse sil en in antwurd jout op de útdagingen dêr’t wy foar steane. Wenningbou, mobiliteit en it weromkommen fan foarsjenningen. Ik leau dêr net yn. Foar in relatyf lyts part fan de provinsje, in lyts part fan de ynwenners, sil der in posityf effekt wêze, mar dat effekt sil beskieden wêze. Hoe fier’t de lobby ek al kaam is, want dat is op himsels in hiele prestaasje en it bewûnderjen wurdich. Dat mei ek wolris sein wurden.
Wat moat der dan barre?, sa sjoch ik jim tinken. Myn oprop is like simpel as dat dy doelmjittich is: werom nei de basis. Werom nei it begjin. It idee dat de befolking ynstimd hat mei grutte plannen as dy ris in kear yn in ferkiezingsprogramma stien hawwe, is yntusken hopeleas efterhelle. Wy moatte ús ynwenners meinimme yn it proses. Dat freget moed fan bestjoerders en politisy. Net om dingen troch te drukken, mar om te harkjen nei goede ideeën, om jin kwetsber op te stellen. Sa’t ik yn de ynlieding al sein haw, tilt it yn Fryslân op fan de gearwurkingsferbannen, koöperaasjes, ferieningen, stiftingen. Ut de histoarje blykt dat der yn de Fryske mienskip in hiel soad tink- en wurkkrêft oanwêzich is. Omdat der yn ús provinsje safolle regionale en lokale ferbiningen en struktueren binne. Krekt dy moatte wy ynsette foar de grutte fraachstikken fan dizze tiid.
En dêrby moatte wy derfoar oppasse dat net hieltyd itselde lytse groepke minsken opdûkt op doarpetoppen, Uitkijkers of Vonketonnen, al is it fansels moai dat se de wei al fûn hawwe. Wy politisy en bestjoerders moatte de doarpen yn, de stedswiken yn, de minsken opsykje, ophelje, meinimme. Wy moatte ek ússels sa no en dan oertsjûgje litte dat it oars kin, of lyk bliuwe mei, omdat dat it bêste is foar Fryslân.
Brûk de struktuer mei de ferieningen om de fergrizing op te fangen, set fitale minsken dy’t mei pensjoen binne yn om it tekoart oan frijwilligers op te fangen, foar safier’t dat noch net bart. Stimulearje dat. Set brede wolfeart foarop, set lok écht op ien. Meitsje mei-inoar in fûnemintele kar oer it gebrûk fan de romte. Al soe men it wolle, in finansjeel-ekonomyske striid mei Brainport Eindhoven of de Rânestêd is op foarhân ferlern. Elkenien yn dit lân siket om deselde minsken – en dat wylst de beropsbefolking tebekrint. Ek lanlik ûntbrekt in fyzje op dit gegeven.
Mar op it mêd fan tûk toerisme, binnen it MKB en yn de agraryske sektor kin Fryslân koprinner wêze. Lit ús eigensinnich wêze as it om wentebou giet, fersterkje de besteande kearnen en doarpen nei aard, skaal en karakter en twing goede ynvestearringen yn de sosjale ynfrastruktuer ôf. Akseptearje dat it iepenbier ferfier of de mobiliteit op it plattelân ûnrendabel wêze sil, en neam it in rjocht. Omearmje de stream fakminsken dy’t de kommende jierren fan û.o. de fúzjeskoalle Friese Poort/Friesland College ôf komme en biedt se perspektyf.
Allinne as wy ús brede wolfeart écht op ien sette en écht it petear oangean mei ús befolking oer de ynfolling dêrfan, binne wy by steat en nim breed droegen besluten oer de takomst fan ús provinsje. It Deltaplan voor het Noorden en de Lelylijn steane yntusken dy diskusje yn de wei. Dêrom pleitsje ik hjir foar in nije start. En dêr kinne wy hjoed al in begjin mei meitsje.
In Fryske oanpak foar in bettere takomst.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje