Wurkje, wenje, wyn: wat moat wêr yn Fryslân? (ôflevering 2)
Resint ferskynd

Avine Fokkens-Kelder. Foto © Arjen J. Dykstra
Der stie moandei 21 novimber al in lyts ferslach fan de Fedde Schurerlêzing 2022 op It Nijs, mei oangeande de twadde sprekker:
“Avine Fokkens-Kelder, deputearre Ferkear en Ferfier, Romtlike Oardering en Ynfrastruktuer, liet ús sjen dat de Lelyline der echt wol komme moat. De treinlinen dy’t we no yn Fryslân hawwe, datearje út de tiid dat Abraham Lincoln presidint fan Amearika wie. Benammen de line Meppel-Ljouwert kin it ferkear net mear oan. Wy binne út Rotterdam wei earder yn Parys as yn Ljouwert. In bettere treinferbining is fan belang om ús bern in goede takomst te jaan.”
Hjirby har folsleine bydrage.
Lelyline – in rjocht en in plicht foar ús takomst
Fedde Schurer
Bêste minsken, wat soe Fedde Schurer, berne yn Drachten, jieren lang wenjend yn Amsterdam en stoarn op It Hearrenfean, fan de Lelyline fûn hawwe? Dy fraach haw ik mysels steld by it tarieden fan myn bydrage hjoed. Syn berteplak, wenplak, mar ek syn stjerplak aanst streekrjocht mei-inoar ferbûn troch de Lelyline. Wy sille it nea witte. Mar wat wy wol witte, is dat Schurer, as foarfjochter fan de Fryske taal, net wolle soe dat de komst fan de Lelyline ta skea fan syn memmetaal gean soe.
Fryske taal
Bringt my fuort op de fraach oft de Lelyline in bedriging foarmet foar de Fryske taal?
Ik soe sizze: nee.
Hast nammentlik minsken nedich om in taal yn libben te hâlden. As Friezen Fryslân ferlitte en letter ek net mear weromkomme, omdat der bûten de provinsje mear perspektyf is, dan foarmet dat in bedriging foar ús taal. De Lelyline is in middel om minsken hjir te hâlden, om Friezen om utens werom komme te litten én om “nije Friezen” wolkom te hjitten. Ferlied dy nijkommers, dy’t net sa manmachtich komme sille as guon graach leauwe wolle, om Frysk te praten. Mar lis it net op; it sil de Fryske taal allinne mar skea dwaan.
Needsaaklike ynvestearring
Minsken, ik fyn it bûtengewoan earfol dat ik hjoed ta jo sprekke mei. En dan noch wol oer myn favorite ûnderwerp: de Lelyline. Dé nije flugge spoarferbining tusken it Noarden en de Rânestêd.
Ik leau yn dy line.
De Lelyline is in wichtige ynvestearring yn de takomst fan Nederlân en yn it bysûnder fan Noard-Nederlân. Takomst dus.
Ferline
Mar ik nim jo earst efkes mei nei it ferline. In bêst wol fier ferline: 1860. Sa’n seis generaasjes werom. It jier dat Abraham Lincoln keazen waard ta presidint fan de Feriene Steaten.
Salang lyn dus.
Op 18 augustus fan dat jier naam it doetiidske kabinet in wet oan dy’t de spoarwei-oanlis fan steatswegen regele. Dêrûnder ek de oanlis fan de saneamde Line A: Ljouwert-Swol-Arnhim. Mei line A krige Fryslân fia Swol in streekrjochte oansluting op it oare part fan Nederlân, de Rânestêd yn it bysûnder. Jo hearre my der net oer dat der doetiids – 160 jier lyn – foar keazen is om it trajekt fan Ljouwert nei de Rânestêd fia Swol rinne te litten. Want it Nederlân fan doe wie in folslein oar Nederlân as it Nederlân fan no. Sa wie der doetiids noch gjin sprake fan de Ofslútdyk. En de provinsje Flevolân? Dêr hie noch noait ien fan heard. Mar ûndertusken is de Ofslútdyk oanlein en leit de ynpoldering fan de Sudersee al wer fier efter ús. Flevolân is al lang in feit. En dóchs reizgje wy noch hieltyd by Swol lâns. Mar ek de wrâld fan doe wie in folslein oare wrâld as de wrâld fan no. Wy kinne nei de moanne. Wy kinne mei ien apparaatsje belje, fotografearje, aginda beheare, online winkelje, kranten lêze, films sjen én… al of net nuansearre twitterje. Mar de treinreis út it Noarden wei nei de Rânestêd rint noch altyd fia line A. Line A, út de tiid fan Abraham Lincoln.

In spoar út de tiid fan Abraham Lincoln is neffens Avine Fokkens de takomst net treast. Foto © It Nijs
Reistiid
En de reistiid?
Dy is al sa’n fyftich jier net oant amper ferbettere. Op syn heechst minutewurk. Oer reistiid sprutsen; ik nim jo yn gedachten graach efkes mei nei Rotterdam. Nei Rotterdam Sintraal om krekt te wêzen. Op stasjon Rotterdam Sintraal kinst yn ’e trein nei Parys stappe! Ungefear 450 kilometer fier. Dy reis duorret 2 oeren en 37 minuten, sa leart in blik op de tsjinstregeling. Do kinst fan Rotterdam Sintraal ek hie-len-dal nei Ljouwert reizgje. Wy befine ús dan op in lytse 220 kilometer ôfstân fan Rotterdam. Minder as de helte dus fan dy 450 nei Parys. Hoe lang duorret dan de treinreis? Je soene tinke: de helte fan de treinreis nei Parys. Spitigernôch: de treinreis fan Rotterdam nei Ljouwert duorret 2 oeren en 38 minuten! Bist dus út Rotterdam wei flugger yn Parys as yn ús Fryske haadstêd. En dan haw ik it noch net iens oer de enoarme fertragingen troch it bekende knyppunt op it spoar tusken Meppel en Swol: yn trochsneed njoggen oeren yn ’e wike! Hoe faak rinne reizgers wol net yn Swol fêst en kinne se de reis nei Fryslân net mei de trein fierder meitsje?
Fierstente faak.
Mar de Lelyline bringt dêr feroaring yn. De line ferlytset de ôfstân tusken it Noarden en de Rânestêd nammentlik bot. Amsterdam-Ljouwert: 42 minuten flugger. It Hearrenfean-Rotterdam: 53 minuten flugger. Gelokkich út Rotterdam wei dochs noch flugger nei Ljouwert as nei Parys. Op termyn wol te ferstean. Want de Lelyline leit der noch net.
Wichtige stappen
Wy hawwe ûnderwilens wol de nedige stappen set om derfoar te soargjen dat de Lelyline oanlein wurdt. Wy hawwe troch yntinsyf lobby te fieren der earst foar soarge dat de Lelyline begjin ferline jier yn in hiel soad lanlike ferkiezingsprogramma’s kaam. Dêrnei hawwe wy mei sukses derfoar pleite dat de Lelyline in plak krige yn it regearakkoart. Mei mar leafst 3 miljard euro. En de lobby yn Brussel begjint ek fertuten te dwaan; ek dêr sjocht men hieltyd faker de needsaak om de Lelyline op te nimmen yn it Europeeske ferfiersnetwurk. Under oare om fleachtúchbewegings te redusearjen. Dus mei de trein nei Hamburch of Kopenhagen yn stee fan mei it fleantúch.
Demokratyske legitimaasje
No hearre en lêze we geregeld dat de boarger oerslein wurdt yn al dizze stappen en dat de Lelyline in bestjoerlik feestje is, sûnder demokratyske legitimaasje. Mar hawwe dy minsken de ferkiezingen foar de Twadde Keamer yn 2021 dan mist?
En de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten yn 2019?
Yn de measte ferkiezingsprogramma’s fan beide ferkiezingen stie de flugge spoarline neamd. Dêrnei spruts de kiezer en de foarstanners fan de flugge spoarferbining, krigen in mearderheid yn sawol de Twadde Keamer as yn Provinsjale Steaten. Mar mei de gong nei de stimbus is lykwols mar ien rol fan dy boarger neamd. Yn wat folget sil de boarger wer oan it wurd komme. Tink oan offisjeel regele ynspraak oer de útwurking fan de oanlis fan it spoar en de bou fan stasjons.
En dat is goed.
Want dat minsken yn noed sitte oer de ympakt fan de Lelyline op natuer, miljeu, lânskip, taal en kultuer begryp ik. En ik nim dy soargen ek serieus. Fryslân is my like leaf as de minsken ûnder ús dy’t soargen hawwe. Tsjin harren wol ik dan ek sizze: wês net bang, wy smite it bern net mei it waskwetter fuort. Wy hawwe it goed yn Fryslân. Mear as goed. Mar dat wolle wy ek graach sa hâlde. En dat giet net fansels. Dêrom moatte wy no antisipearje op wat komme sil. En dat it goed mooglik is om mei soargen dochs de Lelyline te stypjen, die yn juny bliken út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau nei de Lelyline. In mearderheid fan de respondinten sit nammentlik op dy line. Sjogge wy hjir dan dochs wer de nochteren Fries?
Wenningbou
In oar lûd yn de media is dat de Lelyline der komt yn ruil foar in ûntelber soad wenten. Safolle wenten dat Fryslân in soarte fan Rânestêd 2.0 wurdt. Troch guon wurdt dit byld ek graach útfergrutte, oanwakkere en yn libben hâlden. Faak op twitter.
Even wat kontekst.
Yn april 2021 hawwe de fjouwer noardlike provinsjes boustiennen –ynput – oanlevere foar it saneamde Deltaplan voor het Noorden. In plan dat it Ryk yn opdracht fan de Twadde Keamer meitsje moat, oer de berikberens fan en it wenjen en wurkjen yn noardlik Nederlân. Yn ús foarset gie it oer potinsjes foar nije wenten yn de fjouwer noardlike provinsjes. Foar Fryslân soe it gean om 45.000 wenningen boppe-op de autonome groei. Hoewol’t by werhelling sein is dat dit gjin hurd sifer is, mar in optelsom fan gemeentlike rûzings en fiersichten, is dat oantal yn Fryslân in eigen libben begûn te lieden. In neitiid útfierde analyze fan ús boustiennen befêstiget ek dat de werklikheid folle gewoaner is; foar Fryslân miskien in ekstra ympuls fan 5.000 oant 15.000 wenningen. Te realisearjen yn tsientallen jierren. Mar ek hjir jildt: dizze sifers binne net yn beton getten.
En wêr sille wy dan bouwe?
Safolle mooglik binnen besteand stedsk gebiet. Meitsje fan leechsteande kantoaren, fabriken en winkelpannen aardige apparteminten en wenten. It âlde Aegongebou yn Ljouwert, dêr’t 500 studintewenten yn boud binne, is in moai foarbyld hjirfan. Mar ek doarpen fertsjinje mear romte om bouwe te meien. Benammen foar starters en âlderein dy’t graach yn harren fertroude doarp bliuwe wolle. En stel dat alle 400 Fryske doarpen 10 wenten bybouwe foar eigen jongerein en âlderein, dan binne je samar 4000 wenten fierder. En foar wa sille wy bouwe? Wy bouwe yn it foarste plak foar de Friezen sels. Elk fan ús hat in dak boppe de holle nedich. Us bern skielk ek. Ek yn Fryslân stiet de wenningmerk ûnder grutte druk; ûnder oare troch lytsere húshâldens en troch in minne trochstreaming fan dy merk. Mar wy wolle ek bouwe foar “de Friezen om utens” dy’t graach nei harren heitelân weromkomme. In soad fan harren hawwe Fryslân út need ferlitten foar wurk earne oars, mar koroana lit sjen dat thúswurkje nije wenperspektiven biedt.
En ta beslút bouwe wy ek foar “nije” Friezen. Minsken dy’t Fryslân wurdearje fanwegen ús lânskip, ús Fryske marren en eilannen, ús sterke mienskipsgefoel, ús eigen taal en kultuer, en ús typyske brûzjende simmers mei skûtsjesilen, keatsen, fierljeppen en iepenloftspullen. Ek dizze nije Friezen drage by oan it fierder oanjeien fan de leefberens.
Leefberens Fryslân
Want dy leefberens yn Fryslân stiet ûnder druk. De befolking fan Fryslân krimpt de kommende desennia. Alderein wurdt âlder en jongerein giet fuort. En dêr komt noch in twadde effekt by: in lytser wurdende groep dy’t it wurk dwaan kin. Dy krimp fan de beropsbefolking is echt een joekel fan in probleem! De kommende jierren gean der mar leafst 30.000 minsken yn Fryslân mei pensjoen. De nije oanwaaks om soks op te fangen is der amper. Allinnich foar de enerzjytransysje binne der de kommende jierren 2000 ynstallateurs nedich. Minsken dy’t wy no noch net hawwe. Wy ha minsken nedich dy’t it wurk dogge en de ekonomy draaiende hâlde. Fan techneuten oant skilders, akkountants, ferpleechkundigen, ict’ers, boufakkers, winkelpersoniel, neam mar op. Mar ek minsken dy’t derfoar soargje dat skoallen en doarpswinkels iepen bliuwe. Minsken dy’t derfoar soargje dat sport- en doarpsferieningen bestean bliuwe. Koartsein, wy hawwe minsken nedich om alles wat Fryslân Fryslân makket – yn de breedste sin fan it wurd – fitaal te hâlden.
En hoe krije en hâlde wy de minsken hjir?
Krekt! – troch te ynvestearjen yn wenjen, wurkjen en berikberens. De Lelyline is dêrby in middel. Takomstige generaasjes perspektyf biede. Dêr giet it om. Dat dogge wy net troch it probleem mei eangst yn ’e mjitte te gean. Dat dogge wy wol troch de takomst mei betrouwen yn ’e mjitte te sjen.
Us bern
Bêste minsken, ik slút ôf en wol út it perspektyf by my thús wei. Ik bin mem fan fjouwer bern. Hjir hikke en tein. Ik wol dat se yn harren Fryslân wenjen bliuwe kinne as se dat wolle. As mem wol ik perspektyf foar se kreëarje. Ik wol se in takomst jaan. Dêrby past gjin spoar út de tiid fan Abraham Lincoln. Us foarâlden kreëarren kânsen foar harren bern. Litte wy itselde foar ús bern dwaan.
Wy binne oan ús foarâlden – it ferline – en ús bern – de takomst – skatplichtich.
Tige tank foar jo aandacht.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje