Wurkje, wenje, wyn: wat moat wêr yn Fryslân? (ôflevering 1)

novimber 24, 2022 13:33

Francesco Veenstra. Foto Arjen J. Dykstra

Moandei 21 novimber stie der in koart ferslach fan de Fedde Schurerlêzing 2022 op It Nijs. Hjoed jouwe wy omtinken oan de bydrage fan Francesco Veenstra. Moarn nimme wy de lêzing fan deputearre frou Avine Fokkens op en sneon dy fan Steatelid en fraksjelieder fan de FNP Sijbe Knol.

Us haadsprekker Francesco Veenstra die syn ferhaal út ’e holle oan ’e hân fan in powerpointpresintaasje. Wy kinne syn bydrage dus net opnimme. Op It Nijs fan 21 novimber stie: “Francesco Veenstra, Ryksboumaster, fertelde oer it meitsjen fan plannen foar de takomst fan Nederlân. Kearnpunt fan syn ferhaal is dat de fokus fan dy plannen net lizze moat op jiertallen, mar op de hichte fan de seespegel en rekken hâlde moat mei boaiem en wetterkwaliteit. Alles wat wy no dogge, hat oer hûndert jier ynfloed. Dêr moatte wy de tiid foar nimme. Transysjes kostje tiid”.

Yn it winternûmer fan DE NIJE dat mids desimber ferskynt, stiet it fraachpetear dat ik op 30 augustus yn Den Haag mei him hie. Derfan hjir it begjin.

Pier Bergsma

Fraachpetear

Alles wat we no dogge, hat langer as hûndert jier ynfloed

Der is in grut tekoart oan wenten. Nederlân hat mar beheind romte. Nea earder wie romtlike oardering dêrom sa nedich as no. Heech tiid om te praten mei de nije ryksboumaster.

DE NIJE yn petear mei Francesco Veenstra

Us regear kaam ferline jier mei it ‘Deltaplan voor het Noorden’. Wat fine jo dêrfan?
It sil in grut ynfrastruktuerprojekt wurde. As we tebek sjogge yn de skiednis, dan hat soks fuortendaliks in soad ynfloed op de ûntjouwing fan doarpen en stêden. Wat binne dy effekten, dat is de fraach dy’t it kolleezje fan ryksadviseurs hat. Myn rol is om der as ryksboumaster nei te sjen, mar ik bin tagelyk foarsitter fan dat kolleezje. Yn dat kolleezje hâlde wy ús dwaande mei de grutte romtlike fragen en dêr falt dit Deltaplan ûnder. As sa’n Lelyline oanlein wurde soe, dan freegje wy ús fuortendaliks ôf oft it opleveret wat derfan ferwachte wurdt. It soe betsjutte kinne dat Grins grutter wurdt, mar dat it efterlân, it gebiet fan de ierdbevingen, der neat oan hat.

Dêrneist is de kwaliteit fan de wurkgelegenheid fan belang, mar it giet der ek om wêr’t it wurk is. Binne it aanst forinzen dy’t har net yn de mienskip opnimme litte, wurde it lytse eilannen? Dat binne de fraachstikken dêr’t wy ûndersyk nei dogge en advys oer jouwe.

Der is hjoed, tiisdei 30 augustus, in treinstaking. It is hjir oars de drokste dei fan ’e wike, mar no is der hast net ien op it Ministerie van Financiën. Dêr is oan te sjen dat minsken wol aardich fier fan harren wurk ôf wenje. Wat betsjut soks? Dy sosjale komponint fan it oanlizzen fan sa’n Lelyline fine wy ek wichtich.

Wy hawwe te krijen mei in grutte befolkingsoanwaaks en bebouwing. Sûnt 2000 binne der twa miljoen minsken by kommen. Kin dat sa trochgean?
It CBS is ien fan myn favorite boarnen. Dat hâldt hiel objektyf sifermjittich by wat der bart. Fan 1900 ôf nimt de Nederlânske befolking alle jierren mei yn trochsneed 100.000 minsken ta. Fuort nei 1945 kamen der in soad nije wenten troch de weropbou. In oare faktor wie it lytser wurden fan de húshâldingen en de ymmigraasje. Dat hat him allegear trochset nei de sechtiger jierren fan de foarige iuw. Troch dy ûntjouwingen is in soad romte ynnommen, wylst de romte yn ús lân beheind is. Jierren hawwe we lang útwreidingen fan stêden hân, wylst we no besykje om just yn de stêden sels te bouwen troch ‘fertichting’. Om in foarbyld te jaan, yn Ljouwert wurde yn it saneamde ‘Spoordokprojekt’ 3000 wenten boud. Dat is yn it sintrum. Dat giet om in perioade fan fyftjin jier. It is in foarbyld fan hoe’t hjir hjoed-de-dei mei omgien wurdt. De romte yn ús stêden moat sa goed mooglik brûkt wurde. Dan giet it tagelyk ek om de ynfrastrukturele aspekten as bygelyks de kwaliteit fan de libbensomjouwing.

Troch bewenning wurdt it lânskip oantaast, mar it wurdt benammen oantaast troch mobiliteit, distribúsjesintra en yndustry. Wy besykje om yn al dy ûntjouwingen in lykwicht te finen en besjogge wat we fan wearde, ek kulturele, fine.

Yn 2010 is it Ministerie van Volkshuisvesting, Ruimtelijke Ordening en Milieubeheer opheft. Dat fûn ik folslein ûnbegryplik, want dat binne no just de problemen dêr’t wy mei wrakselje.
Dat fûn eins elkenien, útsein in pear minsken. Ik wie doe noch gjin ryksboumaster. It wie in perioade fan de krisis en wy krigen in omslach nei noch mear merkwurking, ek by de romtlike oardering. Dêr komme wy no hurd op werom. Sadwaande hawwe wy no in minister foar romtlike oardering en wenjen. Gelokkich wurdt de needsaak dêrfan ynsjoen.

novimber 24, 2022 13:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.