Wrakstik fan romtefear Challenger fûn yn Atlantyske Oseaan

novimber 13, 2022 08:31 Fernijd

Dûkers hawwe foar de kust fan Floarida in grut stik fan de Challenger fûn, it romtefear dat yn 1986 by it opstigen eksplodearre. It giet neffens NASA om it grutste stik dat yn jierren weromfûn is: it is yn elts gefal 4,5 by 4,5 meter grut. Mooglik leit der noch mear ûnder it sân ferburgen.

Untploffing fan de Challenger yn 1986 (foto: Wikipedia/Kennedy Space Center – publyk domein)

It wrakstik, nei alle gedachten in stik fan de romp fan it romtereau, waard yn maart fûn troch dokumintêremakkers dy’t op ’e syk wiene nei in fleanmasine dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch weiwurden wie. Om’t dit stik moderner wie en it de karakteristike tegeltsjes fan in romtefear hie, skeakelen se NASA yn. Dy befêstiget no dat it stik fan Challenger komt. It is it grutste stik dat weromfûn is, sûnt yn 1996 parten fan de lofterfleugel oanspielden.

“It hert sloech my oer. Ik wie fuortdaliks werom yn 1986, by alles wat wy doe as naasje meimakke hawwe”, seit NASA-direkteur Michael Ciannilli, dy’t holp mei it befêstigjen fan de fynst. “Alle emoasjes kamen werom.” Sân bemanningsleden kamen om doe’t de Challenger 73 sekonden nei lansearring ûntplofte. Mei’t der foar it earst in boarger meifleach, learares Christa McAullife, seagen in protte skoalbern de ramp streekrjocht op telefyzje.

Der koe goed hûndert ton oan wrakstikken út de oseaan helle wurde, rûchwei de helte fan it romtereau. It materiaal waard yn in ferlitten raketsilo op lansearbasis Cape Canaveral opslein. Allinnich in paniel fan it romtefear is yn it besikerssintrum fan Kennedy Space Center te sjen, mei in rút fan de Columbia. Dat romtefear fergie yn 2003 op de weromtocht nei de ierde, alle sân bemanningsleden kamen dêrby om.

Op 22 novimber wurdt de dokumintêre oer de fynst fan it wrakstik útstjoerd op History Channel. NASA besjocht noch oft it stik dat fûn wurdt burgen wurdt. De romtefeartorganisaasje seit mei klam dat parten fan ferûngelokke romtefartugen eigendom fan de Amerikaanske oerheid bliuwe.

Besjoch in filmke fan de fynst op YouTube.

novimber 13, 2022 08:31 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.