Winner Sybren Hellinga Keunstpriis 2022 bekend

novimber 23, 2022 09:40

De sjuery besteande út Vytautas Kumža (winner Sybren Hellinga Keunstpriis 2019), Saskia Noor van Imhoff (byldzjend keunstner), Laurie Cluitmans (kurator Sintraal Museum Utert), Sanne Luteijn (direkteur The Ekard Residency), hat Peter Scherrebeck Hansen as winner fan de Sybren Hellinga Keunstpriis oankundige.

Peter Scherrebeck Hansen (foto: Keunsthûs SYB)

Ut it sjueryrapport:
“Doe’t wy ien foar ien Peters romte ynrûnen, namen wy allegear diel oan in útfiering. Peter nûge ús op in tige subtile manier út om op it wurk ta te kommen, om diel út te meitsjen fan wat yntyms dat dochs mei it gruttere politike resonearret. Wy waarden rekke troch it yntime gebeart fan it yninoars lichem sjongen, inoars stim te echoën, it dielen fan lichaamlike oantinkens. Wy wiene tige ûnder de yndruk hoe’t Peter mei minimale middels in gebeart, in útfiering, in ynstallaasje makke hat dy’t sa krêftich is op it persoanlike nivo én it oer gruttere ûnderwerpen dy’t ús allegear oangeane doar te hawwen.”

De nominearre keunstners binne:
Benjamin Francis
Olivia D’Cruz
Peter Scherrebeck Hansen
Sarjon Azouz
Vita Soul Wilmering

‘Carriers’
De njoggende edysje fan de Sybren Hellinga Keunstpriis bringt fiif keunstners byinoar út tige ferskillende konteksten wei; hja komme út Denemarken, Goa, Nederlân en Syrië en binne de ôfrûne jierren ôfstudearre oan keunstakademys yn Amsterdam, Arnhim, Gint en Grins. De wurken dy’t se yn Keunsthûs SYB yn Beetstersweach presintearje, omfetsje ferskillende media, lykas bewegend byld, keramyk en tekstyl. Sa’t kurator Titus Nouwens yn syn essee beklammet, hawwe de keunstwurken persoanlike en familiale skiednissen as útgongspunt. Autobiografy en fiksje binne mei-inoar ferweve yn fiif multymedia-ynstallaasjes mei in sterk performatyf karakter. It begryp carrier, Ingelsk foar drager, is in weromkommend elemint yn ’e útstalling. Nouwens neamt it etymologyske ferbân tusken carrier en carrière as útgongspunt om nei te tinken oer de relaasje tusken de twa begripen en hoe’t se likegoed ferwize nei ferpleatsen as nei fêsthâlden.

De útstalling is noch oant en mei sneon 4 desimber 2022 te sjen. Keunsthûs SYB is sneons en sneins fan 13.00 oant 17.00 oere iepen.

Op tongersdei 1 desimber organisearret Keunsthûs SYB in publyk programma mei de nominearre keunstners yn gearwurking mei keunstromte Rozenstraat – a rose is a rose is a rose yn Amsterdam. Mear ynformaasje oer it programma folget noch. Sjoch ek op de webside fan Keunsthûs SYB.

It folsleine sjueryrapport is hjir te lêzen.

novimber 23, 2022 09:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.