Welske band wint sjongfestival foar minderheidstalen
Resint ferskynd

Op it ynternasjonale sjongfestival foar minderheidstalen Suns hat de Welske band HMS Morris de earste priis wûn. Acht bands of artysten namen it yn it Noard-Italiaanske Weiden/Udine tsjininoar op. Dat leit yn de streek dêr’t Dútsk en Friûlysk praat wurde.
Fryske artysten diene net mei. Wol stie de Drintske sjonger Rick Hilberts mei in ferske yn it Drintske Nedersaksysk yn Weiden/Udine op it poadium. Hy krige lykwols gjin priis.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje