Waarpraatsje: Wer mylder

novimber 20, 2022 19:26

Broek (by De Jouwer). foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in kâld wykein mei in prachtich moaie sneon en in, foar in part, skiere snein. Fan tiisdei ôf wurdt it wer mylder.

Sneintenacht soe der in winterske bui falle kinne en op guon plakken kin damp ûntstean. By hast gjin wyn leit de temperatuer om it friespunt hinne.

Moandei kin it noch dampich wêze en letter is it skier mei sa út en troch miskien ek noch in glimp fan ’e sinne. In bui is net útsletten. De sude- oant súdeastewyn is swak oant matich, by de kust lâns frij krêftich. Mei 3 graden bliuwt it yn Fryslân noch ien dei kâld.

De oare dagen fan dizze wike binne myld, ritich en skier.

Jan Brinksma

novimber 20, 2022 19:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.