Waarpraatsje: Unlijich

novimber 22, 2022 19:21

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei foar in grut part in skiere dei en it fielde troch de wyn kâld oan. Woansdei wurdt ek in skiere dei. It is boppedat ûnlijich.

Tiisdeitenacht kin it sa út en troch wat reine. De sudewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt 6 graden.

Woansdei is de loft berûn mei, yn ’e moarntiid, miskien noch in glimp fan ’e sinne. Yn ’e middei reint it in skoft. De matige, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftige, wyn komt earst út it suden oant súdwesten en yn ’e middei út it suden oant súdeasten. By de kust lâns en boppe de Islemar boazet de wyn dan noch wat oan. It sil net folle waarmer wurde as 8 graden, mar it fielt kâlder oan.

Tongersdei en freed feroaret der net in soad. It wurdt noch wol wat mylder.

Jan Brinksma

novimber 22, 2022 19:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.