Waarpraatsje: Sneon drûch, snein wat rein

novimber 25, 2022 17:47

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Der foelen freed rûnom yn Fryslân wat buikes, mar it wie oer it generaal in hiel aardige dei. Sneon bliuwt it drûch, mar snein kin it wer wat reine.

Freedtenacht is it drûch, mar wol dizenich. Der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar waait in matige súdwestewyn. De temperatuer leit om de 4 graden hinne.

Sneon is it earst noch dizenich, mar geandewei komt de sinne der sa út en troch ek by. It bliuwt, sa goed as, drûch. De sudewyn is swak oant matich, mar by de kust lâns stiet wat mear wyn. It sil in graad of 8 wurde.

Snein wurdt in griize dei en it reint sa út en troch. By in matige sudewyn wurdt it 8 graden.

Takomme wike liket in hiel skiere wike te wurden, mar in soad delslach wurdt net ferwachte.

Jan Brinksma

novimber 25, 2022 17:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.