Waarpraatsje: Skier

novimber 21, 2022 19:19

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in skiere en hiel skrouske dei, mar fan tiisdei ôf wurdt it wer mylder. It is wol oan ‘e skiere kant.

Moandeitenacht kin it wat reine. De wyn komt út it suden en is swak oant matich, mar by de noardlike kust lâns stiet in frij krêftige oant krêftige súdeastewyn. It wurdt 4 graden.

Tiisdei is it skier en in bytsje rein is net hielendal útsletten, krekt as in glimp fan ’e sinne. De súdeastewyn is matich, by de kust lâns matich oant frij krêftich. It wurdt 7 graden.

De oare dagen fan dizze wike kin it in graad of 10 wurde. De sinne hat it de hiele wike wol dreech.

Jan Brinksma

novimber 21, 2022 19:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.