Waarpraatsje: Rêstich, mar skier
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in moaie sneon en in reinige snein krije wy in hiel skiere wike. It wurdt wol stadichoan wat kâlder.
Sneintenacht reint it sa út en troch en by in swakke oant matige sudewyn wurdt it 5 graden.
Moandei wurdt in hiel skiere dei mei rein of storein. De wyn komt út it suden en is swak oant matich. It wurdt 8 graden.
Fan tiisdei ôf bliuwt it in skoft, sa goed as, drûch.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje