Waarpraatsje: Rêstich en skier
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie tiisdei in hiel rêstige en skiere hjerstdei mei sa út en troch in bytsje storein. It bliuwt ek rêstich en skier waar.
Tiisdeitenacht kin it sa út en troch wat storeine en der kin ek wer damp ûntstean. Boppe it fêstelân stiet hast gjin wyn, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar is de noardeastewyn matich. It wurdt in graad of 4.
Woansdei is it earst miskien noch dampich en letter skier, mar in glimp fan ’e sinne is net utsletten. De wyn komt út it noardeasten en is swak oant matich. It wurdt net folle waarmer as 6 graden.
Letter yn ’e wike wurdt it noch wat kâlder.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje