Waarpraatsje: Rêstich en kâlder
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Wy hawwe op it stuit te krijen mei in hiel rêstige, mar ek skiere rite. It bliuwt foarearst ek skier, mar it wurdt wol kâlder.
Woansdeitenacht is de loft, nei alle gedachten, berûn, mar in pear opklearringen binne net hielendal útsletten. By hast gjin wyn leit de temperatuer krekt boppe it friespunt.
Tongersdei kin der by de noardlike kust lâns noch in bui falle. Op de measte plakken is it wer skier, mar geandewei lit de sinne him sa út en troch ek sjen. De noarde- oant noardeastewyn is swak oant matich. It wurdt 5 graden.
Fan freed ôf wurdt it noch in bytsje kâlder mei kâns op wat froast yn ‘e nacht.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje