Waarpraatsje: Kâns op in bui

novimber 24, 2022 19:28

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze tongersdei mei sinne, bliuwt it foarearst rêstich hjerstwaar.

Tongersdeitenacht sil it in skoft reine. De wyn komt út it suden en is matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt in graad of 6.

Freed is it oan ’e skiere kant, mar der binne ek wat opklearringen. Op guon plakken kin wol in bui falle. De wyn is matich en giet nei it súdwesten oant westen. By de kust lâns stiet in frij krêftige oant krêftige wyn. Yn ’e rin fan ’e dei jout de wyn him oeral wat del. Mei 10 graden is it myld foar de tiid fan it jier.

Sneon is it drûch, mar snein falt der wer wat rein.

Jan Brinksma

novimber 24, 2022 19:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.