Waarpraatsje: Kâld wykein

novimber 18, 2022 17:33 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel lange rite mei tige myld waar, krije wy in wykein mei kjeld en froast yn ‘e nacht. It kâlde waar duorret mar in pear dagen.

Freedtenacht kin it stadichoan wat opklearje. De eastewyn is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om it friespunt hinne, mar troch de wyn fielt it kâlder oan.

Sneon is de sinne der aardich by. De wyn komt út it easten oant noardeasten en is matich, boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt net waarmer as 3 graden, mar de gefoelstemperatuer leit noch wat leger.

Yn ’e nacht fan sneon op snein friest it rûnom in graad of 4. Snein oerdei rekket de loft berûn en letter kin it wat reine. Wiete snie en sels wat izel binne net hielendal útsletten. De matige wyn komt út it súdeasten. It bliuwt, mei in graad as 3 earst noch kâld, mar geandewei sil de temperatuer omheech gean. Hoe let dat krekt barre sil, is min te sizzen.

Takomme wike is it wer hielendal dien mei it wat winterske waar.

Jan Brinksma

novimber 18, 2022 17:33 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.