Waarpraatsje: Efkes winter

novimber 17, 2022 19:19

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in strieminne en ferreinde tongersdei. Fan freed ôf wurdt it in pear dagen in hiel stik kâlder, mei kâns op wat froast.

Tongersdeitenacht is it druch. De wyn komt út it easten oant súdeasten en is matich, mar by de kust lâns stiet in bytsje mear wyn. It wurdt 4 graden.

Freed wurde de ferskillen yn Nederlân hiel grut. Yn it noarden soe it earst sa út en troch noch wat reine kinne, mar geandewei wurdt it drûch. De wyn komt út it easten en is matich, by de kust lâns frij krêftich. It sil net folle waarmer mear wurde as 5 graden, wylst it yn it suden wol 11 graden wurde kin.

Sneon it it drûch en kâld, mar snein sil it stadichoan wer mylder wurde. Der kin dan ek wat winterske delslach falle.

Jan Brinksma

novimber 17, 2022 19:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.