Waarpraatsje: Dampich
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie moandei in dei om gau te ferjitten. Skier, reinich en dampich. De damp bliuwt foarearst.
Moandeitenacht kin op in soad plakken (swiere) damp ûntstean. Der stiet hast gjin wyn en de temperatuer leit om de 5 graden hinne.
Tiisdei kin it noch in hiel skoft dampich bliuwe, mar hoelang oft dat duorje sil, is min te sizzen. It kin sa út en troch ek noch wat storeine en de kâns op sinne is net hiel grut. By in hiel lyts bytsje wyn wurdt it 8 graden.
Woansdei sil it ek lang dampich wêze.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje