Utrikking Fear oan SFBO op It Hearrenfean
Resint ferskynd
Op woansdei 2 novimber 2022 waard op it Hearenfean de Fear yn de Broek, de heechste ûnderskieding fan de Ried fan de Fryske Beweging, útrikt oan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) it Fryske kennissintrum foar meartaligens by jonge bern. De útrikking wie yn pjutteboartersplak It Bernetreintsje op it Hearrenfean, neffens de Ried in suksesfol foarbyld fan hoe’t jonge bern yn it Frysk opheind wurde. De Ried obstrewearre dat de waarme sfear dêre der foar soarget dat de pjutten harren daliks thúsfiele.
De Fear en in oarkonde waarden útrikt troch Reinder Reitsma (koartlyn beneamd as ynterim-foarsitter fan de Ried) oan Sytske de Boer, direkteur fan it SFBO. Fierder wiene oanwêzich Johanna Zaagmans (sekretaresse SFBO), Jitske Dijkstra (liedster fan It Bernetreintsje) en Jehannes Elzinga (bestjoerslid Ried). De Fear bestiet út in mei de hân ynkleure linofyk fan byldzend keunstner Fedde Hoekstra en in byhearrende oarkonde.

Utrikking Fear 2022 oan it SFBO. Njonken Reitsma, de nije foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, lofts frou De Boer en rjochts frou Zaagmans. Foto Jehannes Elzinga
It SFBO makket him al sûnt de njoggentiger jierren tige fertsjinstlik as ynformaasje-, kennis- en stipepunt op it mêd fan meartaligens en taalstimulearing yn de foarskoalske perioade. Benammen op it mêd fan it begelieden fan Frysk- en twatalige pjutte- en berne-opfang is it SFBO tige warber. Fan de 400 pjutteboartersplakken yn Fryslân wurkje hjoed-de-dei sa’n 275 mei in formeel twatalich belied en dat tal wurdt noch alle jierren heger. Mei tank oan it SFBO komme bern al jong mei it Frysk yn oanrekking. Dat is namste wichtiger omdat bern taalidentiteit ûntwikkelje as likernôch trijenheal jier binne.
Op grûn dêrfan hat de Ried fan de Fryske Beweging, dy’t him ynset foar it behâld fan de Fryske taal en kultuer, besletten om de Fear yn 2022 ta te kennen oan it SFBO.
Ik zou iemand weten die naar mijn mening in aanmerking zou kunnen komen voor de onderscheiding “fear yn de broek” 2023. Hoe komt deze onderscheiding tot stand. wie gaat er over en beslist? Graag zou ik e.e.a schriftelijk of mondeling willen toelichten. Mijn excuses dat ik in het Nederlands schrijf
Jo kinne kontakt opnimme, Van der Wolf, mei de Ried fan de Fryske Beweging fia ynfo@fryskebeweging.frl of fia https://www.fryskebeweging.frl/kontakt/.