‘Twitter freget tsientallen wurknimmers dy’t dien krigen werom’
Resint ferskynd
Twitter hat tsientallen wurknimmers dy’t ôfrûne freed dien krigen, frege om werom te kommen, berjochtet it saaklik parseburo Bloomberg.
In stikmannich fan harren soe by fersin dien krige hawwe. Oaren soene oan ’e kant set wêze foar’t de direksje wist dat sy dochs nedich wiene om de ideeën fan de nije eigner, Elon Musk, út te fieren. Musk stjoerde, neidat er it sosjalemediaplatfoarm oernommen hie, de helte fan de hast 7500 meiwurkers fuort. Neffens de miljardêr is it manmachtige ûntslach nedich om it sukses fan it bedriuw yn ’e takomst fersekerje te kinnen.
It fertsjinmodel fan it platfoarm past er oan. Yn in beheind tal lannen (dêr’t Nederlân net by sit) kinne brûkers yn ’e takomst in abonnemint foar acht dollar yn ’e moanne nimme, sadat se tenei op Twitter ferifiearre binne. Ferifikaasje betsjut dat der in blau finkje by in namme of bedriuw stiet. Earder wie dy ferifikaasje fergees. Yn ’e Feriene Steaten soe it abonnemint mooglik moandei al ynfierd wurde, mar The New York Times berjochtet dat dat pas bart nei de tuskentiidske ferkiezingen yn de Feriene Steaten fan tiisdei. Neffens besoarge brûkers en in part fan it personiel soe it nije belied derfoar soargje kinne dat minsken dy’t kwea wolle, in ferifiearre akkount keapje kinne en sa falske ynformaasje ferspriede kinne oer bygelyks politisy dy’t oan de ferkiezingen meidogge.
Op oare mêden wol Musk ek feroaringen oanbringe. Sa twittere er ôfrûne nacht dat Twitter-akkounts dy’t har foardogge as in beskaat persoan sûnder dêrby dúdlik te meitsjen dat it om in parody giet, fuortdaliks en permanint sletten wurde. Earder waard earst in warskôging útdield.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje