Twadde Keamer praat oer mear jild foar Fryske les

novimber 25, 2022 14:51

Der moat mear Ryksjild brûkt wurde om de lessen Frysk te ferbetterjen. De Rie fan Europa jout nammentlik al tsientallen jierren krityk op it Nederlânske belied op dat mêd. Dat is it betinken fan de fraksjes fan CDA, PvdA, D66, VVD en ChristenUnie yn de Twadde Keamer.

De kwaliteit en kwantiteit fan de lessen Frysk wurdt mar net better. It wie de Fryske CDA’er Harry van der Molen in stikel yn ‘e foet. Hy waard dêrom teriede om in moasje yn te tsjinjen om te praten oer ekstra jild. Dêrfoar krige er ta syn bliidskip romme stipe fan oare fraksjes.

No betellet de provinsje Fryslân de measte útjeften foar it skoalfak Frysk. Takom jier moat it Ryk twa ton bylizze en dêrnei struktureel alle jierren 1,4 miljoen, seit Van der Molen. Dêr kinne nije leararen mei oplaat en oannommen wurde.

De provinsje Fryslân wol dat alle skoallen yn 2030 foldogge oan de minimumeasken foar it skoalfak Frysk.

novimber 25, 2022 14:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.