Twadde Keamer lilk op Adema om útspraken oer stikstofbelied
Resint ferskynd
It doel om de útstjit fan stikstof yn Nederlân gâns te ferleegjen bliuwt bestean, mar it hoecht net yn 2030 al helle te wêzen. As it yn 2032 of 2034 helle wurdt, is dat ek moai. Dat sei de nije Nederlânske minister fan lânbou, de Fries Piet Adema, juster yn in taspraak yn Drachten. Dat is de Twadde Keamer net nei ‘t sin. Hy helle dêrby Johan Remkes oan, dy’t besiket om de ûnrêst, benammen ûnder boeren, oer it stikstofbelied wei te nimmen.
Neffens de fraksjes fan D66 en VVD yn de Twadde Keamer hie Adema dat net sizze mocht en moat er syn wurden korrizjearje. Adema moat him hjoed yn ‘e Keamer ferantwurdzje foar syn ôfwiking fan it kabinetsstânpunt.
Juster ûntstie ek al opskuor oer it belied, doe’t dúdlik waard dat it RIVM in list mei hûndert tige fersmoargjende bedriuwen buorkundich makke hie dêr’t grutte flaters yn sieten. Guon bedriuwen stiene der te’n ûnrjochte op.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje