Tsientûzen besikers foar film ‘Grutte Pier’
Resint ferskynd
- Frysk Museum keapet earste wurk mei Hylper sêne fan Christoffel Bisschop 0
- Utstallingen sûnder grinzen iepene 0
- Eise Eisinga Planetarium kriget Wrâlderfgoedstatus 1
- Nijewier kriget as lêste doarp yn Noardeast-Fryslân it Fryske plaknammeboerd 0
- Nederlanners wolle dat wolfeart earliker ferdield wurdt 0
Freed is de tsientûzenste besiker fan de Fryske aventoerefilm Grutte Pier troch regisseur Steven de Jong yn Boalsert yn it sintsje set. By in filmkolleezje op it Marnekolleezje wie it learling Isa Chuis dy’t mei it echte Fryske Grutte Pier-pakket nei hûs ta gie. Grutte Pier is dêrmei oant no ta de bêst besite Frysktalige film yn tweintich jier. De film, dy’t sûnt 27 oktober yn ’e bioskoop draait, fertelt it ferhaal fan de Fryske frijheidsstrider Pier Gerlofs Donia, de legendaryske kriichsfeint dy’t in wichtich histoarysk figuer foar Fryslân is. Besjoch hjir de promoasjefilm.

F.l.n.r.: Steven de Jong, Isa Chui, dosinte Nynke Terra (foto: Steven de Jong Productions/Martin de Jong)
Steven de Jong, regisseur fan Grutte Pier: “Ik bin bliid en tankber dat wy hjoed de 10.000e besiker helle hawwe. Spitich dat der fanwege drokte yn de filmaginda’s fan bioskopen yn ’e rânestêd noch gjin plak makke is foar Grutte Pier. Dêrom binne wy namste blider mei de goede reaksjes en besikersoantallen yn Fryslân.”
Plaat ‘Griene Tsiis’
Freed is ek de nije plaat ‘Griene Tsiis’ fan Sam Kramer útbrocht. De single stiet op it muzykalbum fan Grutte Pier. It titelliet fan de film, ‘Do bist myn lân’, songen troch Elske DeWall en Milan van Weelden makket ek diel út fan it nije album. ‘Griene Tsiis’ is hjir te beharkjen.
Filmkolleezje
Neist de reguliere foarstellingen yn ’e bioskopen, makket Grutte Pier ek in suksesfolle toernee: de filmkolleezjes dy’t regisseur Steven de Jong mei ploechlid en sjongeres Carla deBruine fersoarget. Dêr wurdt yn ferteld hoe’t de film ta stân kommen is en wurdt it muzikale aspekt fan de film troch libbensliif optredens taljochte. De toernee wurdt noch de hiele winter yn doarpshuzen, skoallen en filmhuzen holden. Dy is te boeken fia www.filmambassade.nl, de organisaasje dy’t him ynset foar de Nederlânske ûnôfhinklike filmmakker.
It ferhaal
It is 1514, in jier dat alle opstannen de kop yndrukt wurde troch hiersoldaten dy’t ûnderdrukte boargers fan harren eigendommen berôvje. De mânske Grutte Pier, sa sterk as in okse en 2.10 meter lang, libbet op syn pleats in beskieden libben mei syn húshâlden. De leafde foar syn frou Rintsje (Elske DeWall), syn bern en Fryslân soargje derfoar dat Pier de rêst wit te bewarjen, nettsjinsteande de hieltyd lûder wurdende stimmen yn ’e holle. As ek de pleats fan Pier, dy’t segene is mei in enoarm rjochfeardichheidsgefoel, plondere en yn ’e brân stutsen wurdt, brûzet it bloed him hieltyd fûler troch de ieren. Hy beslút om syn lân te befrijen fan alles en elkenien dy’t tinkt de baas spylje te kinnen…
Filmploech
De haadrol fan Grutte Pier wurdt fertolke troch Milan van Weelden (bekend van musicals lykas Billy Elliot en MacBeth), dy’t him spesjaal foar Grutte Pier it Frysk eigen makke hat. Sjongeres Elske DeWall (countrygroep The BlueBirds, The Passion), makket har spylfilmdebút en Bram van der Vlugt is yn syn lêste filmrol te sjen. Njonken harren binne ûnder mear Carla DeBruine, Syb van der Ploeg (sjonger fan De Kast), Jan Arendz (Kameleon) en Cas Jansen (GTST, De 12 van Oldenheim) te sjen.
Gegevens fan de film
Lingte: 115 min. | Taal: Frysk | Spilers: Milan van Weelden, Elske DeWall, Bram van der Vlugt, Carla DeBruine, Syb van der Ploeg, Jan Arendz, Cas Jansen, Lourens van den Akker, Joop Wittermans, Armin Ait Bihi, Hilly Harms, Leo de Jong | Senario: Dick van den Heuvel & Steven de Jong | Rezjy: Steven de Jong | Produksje: Wenda van der Pol en Bennie de Jong.
Lês ek ús eksklusyf fraachpetear mei Steven de Jong oer de film Grutte Pier.
Ik tink dat er Stjêr noch net foarby is. Dy bêst besochte film fan 20 jier ferlyn sil de Kameleon west hawwe?