Tongebrekker

novimber 19, 2022 09:30

‘Tongebrekker’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Sigrid Kingma: “In dichter hat ellinde nedich om oer te skriuwen, sizze se. Mar der is ek soks as tefolle kar-út. Foar wa’t it allegear net mear byhâldt, biedt de Dichter fan Fryslân in rymjend oersjoch fan wat der oan nijs út binnen- en bûtenlân op ús ôfkommen is de lêste tiid.”De Nederlânske oersetting troch Tsjerk Veenstra en de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse binne werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân.

 

Tongebrekker

Nei Trinus Riemersma
‘Ik kin net oer gedonder
Ik kin der noch minder sonder’

Hy hie gewoan gelyk mei syn gedonder:
in oanhâldende slykstream en we sitte derûnder.

Iisberchslaad oerlibbet Britske plúsjeplakkers
fakânsjefreonen wurde kopskopkakkers
ynsensitiviteitsproblematyk
wat langer it wurd, wat minder panyk
besykje ierdbevingsynspeksje, want
kinst fluitsje nei ynflaasjekorreksje.

Skriuw yn op in ynspiraasjesesje
tsjin dy simmertiidhjerstdepresje
bingewatch oarlochspropaganda – nijs
yn de yncheckrige foar in fleantúchreis
broadsje lavawoarst giet firaler
as Den haach nei de fuotbalfinale.

Elkenien is etysk dieder
slavedriuwer de heechste bieder
ramptoerist krijt keuzestress:
in reinbroek of dochs cocktaildress
taslachslachtoffers út de moade
selsscankassa mist streepkeskoade.

De ûnnochtsiker hat neat te lijen
sûkelaarjepipernuten lizze by de ierdbeien
en foar elts lestich lang wurd
is der ien koarte ferfanger
mar dat klinkt sa freeslik hurd
net oer de tonge te krijen.

Sigrid Kingma | Dichter fan Fryslân

novimber 19, 2022 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.