‘The Passion’ 2023 út Harns wei mei publyk

novimber 25, 2022 08:27

De trettjinde edysje fan it KRO-NCRV-programma The Passion wurdt op 6 april, op Wite Tongersdei, yn Harns holden. Tongersdeitemoarn wie dêr it ikoanyske wite krús op ’e kaai te sjen. It grutste muzikale peaske-evenemint fan Nederlân ferwolkommet yn 2023 wer publyk. De spilers wurde begjin takom jier bekend makke.

Foto: Jan Willem de Venster

Neffens Peter Kuipers, direksjefoarsitter fan KRO-NCRV, is it wichtich dat it iuwenâlde peaskeferhaal trochferteld wurdt, yn in modern jaske mei aktuele eleminten. “Ut de kristlike tradysje wei meitsje we as KRO-NCRV programma’s en nimme we inisjativen dêr’t leafde foar de minsken om jin hinne in grutte rol yn spilet. The Passion is dêr in moai foarbyld fan en makket dúdlik dat it peaskeferhaal oer Jezus, dat hast twatûzen jier âld is, noch hieltyd aktueel is. It bringt minsken mei-inoar yn ferbining, lit sjoggers oars sjen en helpt in hantsje om it oars te dwaan. No’t dat dit jier mei publyk mooglik is, wolle wy minsken út hiel Nederlân wer byinoar bringe, dat makket it streekrjochte evenemint ekstra bysûnder.”

Publyk
Nei eardere edysjes sûnder publyk, ferwolkommet KRO-NCRV mei de gemeente Harns wer publyk by The Passion yn 2023. Boargemaster Ina Sjerps sjocht út nei de komst fan it muzikale peaske-evenemint yn de stêd. “Harns is grutsk dat The Passion 2023 út ús moaie havenstêd oan de Waadsee wei útstjoerd wurdt. Harns is dé seehavenstêd fan Fryslân mei in monumintale binnenstêd en in tige rike kultuerhistoarje. In evenemint as The Passion past wat ús oangiet poerbêst yn in kulturele stêd oan see. Wy litte Nederlân dan ek graach yn ’e kunde komme mei de mearsidigens fan ús gemeente en ynwenners. Wy hjitte The Passion én alle sjoggers út de rest fan Nederlân fan herte wolkom!”

Bartiméusfûns nije partner fan The Passion
Neist de trouwe partners as de Protestantske Tsjerke yn Nederlân en Kânsfûns heakket dit jier it Bartiméusfûns ek as partner oan. Sa’t de Protestantske Tsjerke in fynplak is fan leauwe, hoop en leafde en The Passion kâns sjocht om it peaskeferhaal oan miljoenen Nederlanners te fertellen, sa set Kânsfûns him yn foar in maatskippij dêr’t elkenien in thús yn hat: in dak boppe de holle, genôch jild om fan te libjen en it gefoel derby te hearren. Nije partner Bartiméusfûns makket him hurd foar in ynklusive mienskip, dêr’t minsken mei in fisuele beheining folút yn meidwaan kinne. Minsken dy’t min sjogge of blyn binne wolle graach mear telefyzjesjen. Hja meitsje dêrby gebrûk fan audiodeskripsje, dêr’t in stim by beskriuwt wat der yn byld te sjen is. Mei belange-organisaasjes set it Bartiméusfûns him yn foar mear audiodeskripsje op telefyzje, sa ek by The Passion.

The Passion 2023 wurdt produsearre troch Mediawater en KRO-NCRV, yn gearwurking mei Protestantske Tsjerke Nederlân, Kânsfûns, Bartiméus Fûns en Gemeente Harns. De muzikale fertelling wurdt út Harns wei útstjoerd op Wite Tongersdei, 6 april 2023 om 20.30 oere by KRO-NCRV op NPO 1.

novimber 25, 2022 08:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.