Sûnensmonitor GGD Fryslân: Bern yn Fryslân ite en drinke sûner

novimber 9, 2022 08:21

Bern yn Fryslân ite en drinke sûner as fjouwer jier lyn. Dat docht bliken út de Bernemonitor, in ûndersyk troch GGD Fryslân nei de sûnens fan bern fan nul oant en mei tolve jier. Goed 11.000 âlden follen in fragelist yn. It ûndersyk waard yn 2018 ek útfierd.

Foto: pixabay.com

Minder sûkerhâldend drinken
Bern fan fjouwer oant en mei tolve jier ite faker alle dagen fruit en griente neffens fjouwer jier lyn. It drinken fan sûkerhâldend drinken is tebekrûn fan 60% nei 48%, wylst it drinken fan wetter tanaam fan 51% nei 59%. Njonken sûn iten is bewegen wichtich foar de ûntwikkeling fan bern. It advys is dat bern op syn minst ien oere deis bewege troch te kuierjen, fytsen, skoalgymnastyk of sport. Neffens fjouwer jier lyn geane foaral bern tusken de fjouwer en acht jier minder faak nei in sportferiening. Bern fan dy jierren geane wol wat faker rinnend of fytsend nei skoalle.

Alle dagen foarlêze
De measte bern tusken ien en fjouwer jier rinne in normale taalûntwikkeling troch, mar by ien op ’e fiif bern wurdt in risiko op taalefterstân waarnommen. GGD Fryslân advisearret âlden om harren bern alle dagen foar te lêzen om de taalûntwikkeling te befoarderjen. Neffens it ûndersyk wurdt in bytsje mear as de helte fan de bern tusken ien en fjouwer jier alle dagen foarlêzen.

Effekt earmoed op sûnens bern
Yn de húshâldens dy’t it dreech hawwe om rûn te kommen, binne de gefolgen fan earmoed te fernimmen. Dy gefolgen kinne in negative útwurking op de sûnens fan bern hawwe. Sa docht bliken út it ûndersyk dat bern út dy húshâldens minder faak in moarnsbrochje krije en minder faak nei in sportferiening geane. Se geane ek minder faak nei de toskedokter.

Ynsette op sûnensbefoardering
Mei dy ynsjoggen kinne Fryske gemeenten ynsette op programma’s dêr’t mei bydroegen wurdt oan sûn opgroeien. Dat binnne programma’s as de Sûne Skoalle, Jongerein op Sûn Gewicht, de Smookfrije Generaasje en Kânsrike Start.

Oer de Bernemonitor
De Bernemonitor wurdt om de fjouwer jier útfierd troch GGD Fryslân ûnder âlden fan bern fan nul oant en mei tolve jier. Dat docht GGD Fryslân yn opdracht fan de gemeenten, op grûn fan de Wet publike sûnens. De resultaten fan it ûndersyk beklamje it belang fan sûnensbefoardering by bern en it stypjen fan âlden dêrby. Alle Fryske gemeenten binne oer de resultaten ynljochte.

novimber 9, 2022 08:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.