Súdwest-Fryslân wol wenjen op it wetter yn Heech ûndersykje
Resint ferskynd
Súdwest-Fryslân wol wenjen op it wetter yn Heech ûndersykje. Yn stee fan lân op te heegjen, it ûnder wetter rinne litte. De gemeente wol nei in, mooglik ikoanysk, wetter-wen-konsept sjen, dat op takomstige opjeften mei klimaat, skjin wetter en natuerdoelen foarútrint. Tsjerkesleat yn Heech is de lokaasje dy’t dêrfoar nei foaren skood wurdt.

Tsjerkesleat by Heech (foto: Gemeente Súdwest-Fryslân)
It kolleezje fan Súdwest-Fryslân wol ferskillende duorsume ambysjes byinoar komme litte yn it wetter-wen-konsept: bouwe mei natuerlike en sirkulêre materialen, alternative enerzjymooglikheden en klimaatadadaptyf ûntwikkeljen. It wenkonsept soe in koöperatyf karakter krije kinne as it giet om nutsfoarsjenningen lykas enerzjy of wetter.
Michel Rietman, wethâlder wenjen en wetterbehear, hat hege ambysjes: “Wy wolle in eksperiminteargemeente wêze. In gemeente dy’t besjocht hoe’t dingen mooglik makke wurde kinne. It feangreidegebiet dêr’t de Tsjerkesleat yn leit, is gjin gemaklik gebiet om te bouwen. Yn Fryslân sykje we fanâlds nei oplossingen om mei – en net tsjin of op kosten fan – de natuer te wurkjen oan de maatskiplike opjeften dêr’t wy foar steane. Dat moat hjir ek sintraal stean.”
Net opheegje, mar ûnder wetter rinne litte
De lokaasje Tsjerkesleat yn Heech is al langer foar wentebou yn byld. De gemeente hat ferskillende petearen mei merkpartijen fierd. De konklúzje is dat dy dêr kânsen foar wentebou sjogge, mar dat it fanwege de grûn dêr’t op boud wurde moat, in útdaging wurdt om de priis akseptabel te hâlden. De lokaasje leit nammentlik yn in lytse polder. Om dat terrein gaadlik foar wentebou te meitsjen, binne, neist ekstra opheging fan de grûn, ferskillende maatregels nedich om wetterrobúst bouwe te kinnen. Dêr binne folle mear kosten oan ferbûn as gewoanwei, mei fan dy gefolgen dat de huzeprizen heger wurde. En dat is net akseptabel neffens de wethâlder.

Tsjerkesleat by Heech (foto: Gemeente Súdwest-Fryslân)
Tradisjoneel bouwe liket dus gjin opsje. Rietman sjocht wol oare mooglikheden: “Wy binne in wetterike gemeente, wy witte better as wa dan ek yn Nederlân hoe’t wy mei wetter omgean moatte. As wy it terrein net opheegje, mar ûnder wetter sette, meitsje wy romte foar betelbere wetterwenten. Ik sjoch dêr ek mooglikheden foar alternative enerzjyfoarsjenningen en klimaatadaptive ûntwikkelingen.”
Kolleezje hopet op stipe fan gemeenterie
De rie moat meikoarten beslisse oer it wol of net beskikber stellen fan in tariedingskredyt. Dêr wol de gemeente mei ûndersykje yn hoefier’t de duorsume ambysjes foar de Tsjerkesleat realistysk binne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje