Strykkwartet Regina Forte yn Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum

novimber 12, 2022 12:12

Op freed 18 november 2022 spilet strykkwartet Regina Forte fan 17.00 oant 18.00 oere yn de Doarpstsjerke fan Huzum, dy’t tsjintwurdich funksjonearret as kultuerpoadium.

Strykkwartet Regina forte (foto privee)

It kwartet is yn 2014 foarme út froulju dy’t inoar fan Fryske orkesten koene. Sûnt hat it al oer de hûndert konserten fersoarge yn de trije noardlike provinsjes, soms mei Gerrit Breteler, Peter van der Zwaag, Wiebe Kaspers en Douw Fonda. It wie ek te hearren yn Noardewyn en Podium on Tour en yn oktober 2019 hat it Willeke Alberti yn Afas Live yn Amsterdam begelaat. It kwartet folge masterclasses by ferskillende topmusisy en foaroansteande strykkwartetten.

De konserten yn de rige ‘Muziek +’ binne fergees, mar in frijwillge bydrage wurdt tige op priis steld.
Fergees parkearjen kin op it terrein foar Intratuin oer (Tynjedyk, súdkant).

novimber 12, 2022 12:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.