Sorben tefreden oer ûnderwiisbelied foar Sorbyske taal

novimber 5, 2022 21:24

Sorbyske taalorganisaasjes binne tefreden mei de hjoeddeiske ûnderwiispolityk yn de Dútske dielsteat Brandenburch. Dat diene hja freed te witten yn it oerlis mei de dielsteatminister fan ûnderswiis, frou Britta Ernst.

It Sorbysk is in Slavyske taal dy’t fanâlds yn it easten fan Dútslân praat wurdt. Der binne hjoed de dei sa’n tritichtûzen sprekkers, ferdield oer de dielsteaten Brandenburch en Saksen.

Om it Sorbysk op skoalle te stimulearjen organisearret de learare-oplieding fan de dielsteat yn Cottbus taalkursussen Sorbysk foar leararen. De kosten wurde troch de oerheid fergoede. Fierder garandearret de Brandeburger oerheid dat minsken dy’t op ‘e learare-oplieding ek it foech foar it fak Sorbsyk helje in baan krije. Der is ek in kampanje begûn om op skoallen foar fuortset ûnderwiis learlingen ta in stúdzje as learaar Sorbsyk te stimulearjen.

De Sorbyske organisaasjes binne ek bliid mei it projekt Zorja (“moarnsrea”), dat it in groep jonge folwoeksenen mooglik makket om in jier lang frij te nimmen om Sorbysk te learen.

Neffens Dawid Statnik fan de Sorbyske taalorganisaasje Domowina is de learaarskrapte it grutste probleem. Hy is wiis mei de aktive hâlding fan de regionale oerheid op it mêd fan it Sorbysk op skoallen.

Dútslân mei it gebiet dêr’t Sorbysk praat wurdt (read)
novimber 5, 2022 21:24
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Wim novimber 6, 10:00

    Fergeze opliedingen Frysk kinnen hjir ek in soad helpe. NL hat it Frysk sloopt, no is it tiid om it goed te meitsjen. En mei de hjoeddeiske maatregels wurket dat net rap genôch.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.