Slút Fryslân net ôf, meitsje ferbining!
Resint ferskynd
Ynstjoerd
Okkerdeis wie ik by de Fedde Schurerlêzing. Schurer wie in tige betûft sjoernalist mei in brede blik, fier oer de grinzen fan ús moaie provinsje hinne, haw ik my fertelle litten. Soe er út en troch net meilydsum skodholle hawwe, as er hjirby west hie? Mysels gie betiden de grize oer de grouwe. Ryksboumaster Francesco Veenstra hold in ferhaal oer planne foar de takomst. Wat wy no dogge hat ynfloed oer hûndert jier. Eltsenien koe him dêryn lykfine. Deputearre Avine Fokkens propagearre: ‘de Lelyline helpt ús provinsje fierder.’
De oare sprekker, Sijbe Knol fan de FNP, ferwiet Fokkens mei dy plannen koartetermyntinken. Neffens Knol moatte wy de fokus net op de ferbining mei de Rânestêd lizze. Wy moatte benammen ynvestearje yn ús eigen provinsje. It grutste part fan de minsken yn Fryslân wennet op minder as 15 kilometer fan it wurk. Dy hoege gjin flugge ferbining mei Parys. Wy binne in regio yn Europa en hawwe hjir alle foarsjenningen om ússels te rêden. Ynstimmend mompeljen út de seal. Iksels waard der grimmitich fan. Hollân links litte lizze, betsjut Europa links lizze litte!
Wat wy no dogge, hat ynfloed oer hûndert jier. Deputearre Fokkens ferhelle oer de treinline tusken Ljouwert en Swol. Dy stamt út de tiid fan Abraham Lincoln (om 1860 hinne). It wurdt neffens har tiid om dat einlik ris út te wreidzjen. Dat bin ik alhiel mei har iens. Al moatst goed neitinke oer it trasee. It wrange oan it hiele ferhaal is, dat it net in nij is. Earder hiene wy – foar dy tiid – goede ferbiningen mei Amsterdam. Tink oan de Lemsterboat en de hybride line (trein/boat) Ljouwert-Starum-Amsterdam. Fan Harns út wiest sels samar yn Londen!
De Fryske ekonomy bloeide fan 1850 ôf op. Dêr waard tankber gebrûk by makke fan alle trekfearten dy’t fan 1650 ôf groeven binne. Allinnich koe de stoomboat flugger as it trekskip. Fan 1920 ôf kamen de auto’s op. Dy wiene folle fleksibeler as treinen en skippen. Ferfier oer it wetter rekke yn ûnbrûk. En sa kaam Fryslân ekonomysk op efterstân. Wy misten letterlik en figuerlik de boat. In soad Friezen moasten nei Hollân om de kost fertsjinje te kinnen. In soad bleauwen dêr ek.
Wat wy no dogge, hat ynfloed oer hûndert jier. Der komt in tekoart oan brânstof en arbeidskrêft. Fryslân is krekt as de rest fan Nederlân in eksportlân, as regio fan Europa. Om ús koekjes fan Hellema, flaggen fan de Vlaggencentrale en molkepoeier fan Aware earne oars te krijen moatte wy nei oare foarmen fan ferfier. Ien treinmasinist kin mear minsken en guod ferfiere as tsien frachtweinsjauffeurs. Us mbû’ers wolle yn Fryslân bliuwe. Mar as bedriuwen fuortgeane, is der foar harren hjir gjin takomst. Fryske bestjoerders moatte soargje dat bedriuwen hjir bliuwe. Dat begjint mei it sjen fan de kânsen ynstee fan allinnich bedrigingen. Mar foaral troch it meitsjen fan ferbining mei de rest fan de wrâld. Mis diskear de trein net!
Arjen J. Dijkstra
Amateur-histoarikus yn Nes (Noardeast-Fryslân)
Dútslân wol gjin ferbining en dan komt der gjin jild fan út Europa. Dus dan giet it feest net troch. Den Haach brûkt de Lelyline as swiethâlderke, sadat it liket dat der hjir ynvestearre wurd. Yn de túsken tiid wol húzen bouwe (want dat wie min as mear de ruil), mar ik ha der gjin betrouwen yn dat der der binnen 20 jier leit. Dy 3 miljard dy’t saneamt reservearre wie, stelt op it stuit ek al neat mear foar troch ynflaasje. En ek Prorail hat oan jûn it jild leaver foar oare projekten te brûken.
Met Arjen Dijkstra ben ik het volledig eens. Door de slechte aandacht van Fryslan voor het spoor voor goederenvervoer verarmt de exploitatie van het personen spoorvervoer. Indirect duidde Dijkstra ook op het Afsluitdijkspoor. Een spoor-aansluitende dijk was voor Cornelis Lely het uitgangspunt voor het ontwerp van de Afsluitdijk.
Oars as Arjen Dijkstra haw ik Fedde Schurer persoanlik kend, nammentlik as sjoernalist by de Friese Koerier. Ik kaam dêr yn 1966. Schurer wie doe al in pear jier net mear haadredakteur, mar hy kaam oant syn dea yn 1968 noch regelmjittich del “om in bakje kofje op de redaksje”. Hy woe dan ek wol graach mei nije redakteuren prate. Sa ek mei my. Fedde wie ek in boeiende sprekker. Bliid dat ik him meimakke haw.
Ik twivelje dêrtroch, dat se by de Fryske Beweging mei de Schurer-lêzing wol goed foar it ferstân hat wa’t Fedde Schurer eins krekt wie, en hoe’t er tocht. It wol my net heuge, dat der yn de Koerier dy’t wy thús fansels ek jierrenlang liezen, ea wat stien hat oer snelle ferbinings mei de Rânestêd. Miskien wolris, mar dan ris sa sydlings. De Koerier, sawol mei Schurer as syn opfolger Laurens ten Cate wienen tige bot foar ûntwikkeling yn Fryslân sels. Der hat op inisjatyf fan Ten Cate noch in hiele lange seary yn de krante stien dêroer.
Arjen Dijkstra ropt mei syn stik de suggestje op, as soe ûntwikkeling yn Fryslân sels allinnich mooglik wêze mei sa’n treinferbining. Hy hellet in tal foarbylden oan út it ferline, dy’t by neier ynsjen syn redenearring dochs ek wer net sa bot stypje. Ûntwikkeling fan de Fryske mooglikheden hawwe nea totaal ôfhongen fan goede ferbiningen oer wetter of lân mei Amsterdam. Dy hongen ôf fan it feit, dat der yn Fryslân sels foldwaande politike macht bestie. Dy ferbiningen dy wienen dan moai meinommen.
Dy Fryske macht bestie earder, yn de Republyk fan de Sân Feriene Provinsjes, en ek foar 1500. Mar it wie oer nei 1798. En nei 1815, doe’t it sintrale keninkryk der kaam, ek folslein en fataal. Yn stee fan alles yn in sintralistysk lân folslein ôfhingje litte te wollen fan sa’n treinferbining – dy’t ús ôfhinklikens perfoarst net lytser meitsje sil – hat it folle mear doel ús yn te setten foar it weromkrijen fan politike macht en eigen foech.
Ik haw net it gelok hân, dat ik kofjedrinke koe mei Fedde Schurer. Mar ik fyn it yn dizze kontekst dan wol tapaslik dat ik earne lies dat Schurer op de Lemsterboat, dy’t ik al neamde, gedichten fan Heinrich Heine oerset hat yn it Frysk. Dat is dan dochs mar te tankjen oan dy goede ferbining tusken De Lemmer en Amsterdaam…..
Dy Fryske macht dêr’t Kerst Huisman it oer hat, is foar in belangryk part basearre op de goede ferbinings mei de bûtenwrâld. Dat wie yn myn eagen net moai meinommen, dat wie in basiskondysje!
Politike macht en eigen foech wurde foar in wichtich part boud op in sosjaal-ekonomyske basis. Dy basis kin by ús noch wol wat sterker. Dêr is ynfrastruktuer in belangryk part fan. It giet fansels net allinnich om treintsjeboartsjen, mar ek om ambysje.
Dus om dy hinne sjen, wat der fierder yn de wrâld bart… yn stee fan de fokus allinnich op ússels rjochtsje. Dat is miskien in earste stap yn jimme stribjen nei politike macht en eigen foech.
Arjen J Dijkstra jout hjir net echt in andert op myn stelling, mar keatst de bal werom. Yn it foarste plak is de macht dêr’t ik it oer haw, NET basearre op goede ferbinings mei de bûtenwrâld, mar op de POLITIKE WIL yn Fryslân sels. Jo moatte soks wolle, dat is de basiskondysje. Dy goede ferbinings binne dan wol moai meinommen.
Mar it giet der krekt om, dat dy politike wil by de Ried fan de Fryske Beweging hielendal ûntbrekt. Mooglik is der wolris in lid dat oars wol, mar ik haw der oant no ta net folle fan merkbite kind. En as der alris sa’n lûd klinkt, binne der altiten wol fan dy mastodonten dy’t wat begjinne te âljen oer “nasjonalisme”.
Politike macht en eigen foech wurde foar in wichtich part boud op in sosjaal-ekonomyske basis, skriuwt Arjen. Dat is ek wier, allinnich de Fryske Beweging docht dêroan oant no ta neat. En doe’t it der tidens myn aktiviteit yn de Ried al fan like te kommen, waard it – nettsjinsteande myn protest – in aksje fanút de Ried rjochting fakbeweging en bedriuwen om dochs foaral it Frysk te brûken. No, dat skeat op.
De lêste suggestje dy’t Arjen jout, is fansels hielendal wier. Mar hy moat dit dan net tsjin my sizze, want ik bin dêr wol fan oertsjûge. Sjoch nei wat ik allegearre destiids yn de Ljouwerter skreaun haw en sûnt tsien jier op facebook. Mar it soe benammen sein wurde moatte tsjin de hiele Ried fan de Fryske Beweging. Dy rjochtet de fokus by útstek op de (Fryske) taal en wat deromhinne. En mei dat eksklusyf tinken bedarje jo nearne.