Skriuwster Karin Sitalsing en Keamerlid Judith Tielen winne Grut Diktee
Resint ferskynd
By it Grut Diktee fan de Nederlânske Taal op NPO Radio 1 binne by de pommeranten twa dielnimmers op in dield earste plak telâne kaam. Skriuwster Karin Sitalsing en VVD-Keamerlid Judith Tielen hiene beide mar twa flaters.

Foto: pixabay.com
Streekrjocht út it Forum yn Grins wei namen tweintich bekende Nederlanners it sneon op tsjin tweintich harkers fan it KRO-NCRV-programma De Taalstaat. Yn de ploech fan de harkers siet de ultime winner mei mar ien flater, de 47-jierrige Patrick van Aarle fan Eindhoven.
Bekende dielnimmers dit jier wiene operasjongeres Francis van Broekhuizen, presintator Margriet Vroomans, berneboekeskriuwster Tosca Menten en skriuwer en kolumnist Bert Wagendorp. It diktee waard foarlêzen troch âld-Keamerfoarsitter Gerdi Verbeet. Krekt as de ôfrûne fjouwer jier wie de tekst skreaun troch taalkundige Wim Daniëls. De tekst, mei de titel ‘Groningen is zó’, gie deroer dat dy provinsje folle mear is as de ierdskoddingen yn it gaswinningsgebiet.
It Grut Diktee waard foar de fyfde kear útstjoerd troch De Taalstaat, presintearre troch Frits Spits. Dêrfoar wie it diktee jierrenlang op telefyzje te sjen mei Philip Freriks as presintator.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje