Skriuwersboun: “Stel heechlearaar Frysk oan by ynstelling yn Fryslân”

novimber 12, 2022 14:15

Ofrûne tongersdei is út namme fan It Skriuwersbûn in iepen brief skreaun oan de provinsje Fryslân oer de posysje fan it Frysk en de learstoel oan de RUG. De brief is hjir te lêzen.

It Skriuwersboun is fan betinken dat de Fryske literatuer in soad belang hat by in akademyske oplieding dêr’t ek literatuerstúdzje en -ûndersyk in substansjeel ûnderdiel fan útmeitsje. It bûn docht dêrom in berop op it kolleezje en de ferantwurdlik deputearre om har yn te setten foar behâld en ûntjouwing fan de oplieding en de learstoel.

It bûn sjocht dat jonge minsken dyt har op akademysk nivo yn de ôfrûne desennia mei it Frysk dwaande holden hawwe, no fitale funksjes ynnimme by ynstituten lykas Tresoar en de Fryske Akademy. It Skriuwersboun wol dat der op sa gau mooglik wer in folweardich heechlearaar Frysk komt. Ut syn kontakten begrypt it bûn dat dêr in tal potinsjeel geskikte kandidaten foar wêze soe. Dy heechlearaar moat yn Ljouwert har of syn wurkplak hawwe, yn it hûs fan in wittenskiplike en/of heger ûnderwiisynstelling, mar mei in selsstannige status.

Der soe sa gau mooglik socht wurde moatte om in oare universiteit dy’t wol meiwurkje wol. Provinsje en Ryk soenen dat neffens It Skriuwersboun mei-inoar dwaan moatte.

In Nederlânsktalige brief is ek ferstjoerd nei de ferantwurdlik minister, frou H. Bruins-Slot.

Lês de brief fan It Skriuwersboun.

novimber 12, 2022 14:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.