Skinking skilderijen Sierd Geertsma oan stifting Nobilis

novimber 11, 2022 08:39 Fernijd

Op woansdei 16 novimber draacht wethâlder Esther Verhagen fan de gemeente Eaststellingwerf fjouwer skilderijen fan keunstner Sierd Geertsma oer oan stifting Nobilis, op fersyk fan de stifting. De skilderijen binne no noch eigendom fan de gemeente.

Gemeentehûs fan Eaststellingwerf (foto: Wikipedia/Johan Weenink – CC BY-SA 3.0)

It giet om de neikommende fjouwer wurken:

∙ ‘Steven en Ant’, oaljeferve op boerd
∙ ‘Duinlandschap’, kryttekening
∙ ‘Onraad’, tekening yn kryt en pastel
∙ Sûnder titel (lânskip jeneverbei), tekening yn kleurpotlead

Foar stifting Nobilis is it in weardefolle oanfolling op syn kolleksje fan keunstwurken fan Sierd Geertsma.

Byldzjend keunstner
Sierd Geertsma (1896-1985) wie oant yn de sechtiger jierren de iennige profesjonele byldzjend keunstner fan Eaststellingwerf. Syn skilderkeunst is tige fariearre en lit him net maklik mei ien skaaimerk betitelje. Hy hat yn ferskillende techniken tekene en skildere, oer ûnderskate ûnderwerpen; lânskippen, portretten, komposysjes mei bisten, soms kleurryk, soms allinnich yn swartskakearringen. Sierd Geertsma is net in hiel bekende, mar wis wol in wichtige keunstner yn Fryslân. Nei syn ferstjerren is it measte wurk nei Museum Drachten oerbrocht. Syn erven fine it wichtich dat it wurk sammele en toand wurdt, ek yn Eaststellingwerf.

novimber 11, 2022 08:39 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.