Simone Djurrema: Ik mei net lilk wurde

novimber 5, 2022 07:00 Fernijd

Kollum

Doe waard it hjerst, echt hjerst, mei moaie kleuren en jeiende wolken yn de hurde wyn en it wikseljende waar.

Oer de polityk en it nijs wol ik it dizze kear net hawwe. Ik wurd wurch fan it grutte ferskil tusken bygelyks Blackbox en de reguliere media. Dizze kear sille we it hawwe oer myn besykjen om ferskate dingen yn te meitsjen. Wekke, sa’t we dat faak neame. Ik ûnduts dat der in merk is dat Weck hjit. Ik miende dat al dat soarte fan potten mei bûgels wekflessen of -potten hjitten. Wêr’t dy namme weikaam wist ik net. Mar doe’t ik om potten socht, kaam ik op it ynternet prachtige eksimplaren tsjin, mei in ierdbei derop. Dy wurde mei klemmen ôfsletten. Dat wiene de orizjinele Weckpotten dus! Wer wat leard! Ik haw in stikmannich besteld, want de lidden dêrfan geane nea wer te’n ein en de rubbers geane folle langer mei as dy fan gewoane jam- of grientepotten. Of as dy Mason Jars, dêr’t de Amerikanen sa gek op binne. Dy hawwe lidden yn twa dielen, dêr’t men it iene diel nei it brûken eins fan fuortsmite moat. Dat fyn ik dan ek wer wat in griis, sels as ik my dêr net oan hâld en se faker as ien kear brûk.

It wekken fan fruit hat nea slim west. As it spul hjit is en der sit sûker yn, dan kin it hast net ferkeard gean. En komt der wol skimmel op, dan kin ik it altyd noch fuortsmite. Mar wat mear as ik oer it wekken fan griente lês, wat banger oft ik wurd. Botulisme! Dêr kin men dea oan gean! It minste is dat men it net sjocht of rûkt. Yn de Feriene Steaten hawwe se rjochtlinen. Dêr moatte se in hegedrukpanne brûke en dêr de potten in skoft yn siede litte. Se hawwe it der allegearre oer, wylst se wol massaal botox ynspuitsje, dat it gif fan deselde baktearje is dêr’t men siik fan wurde kin. It like my hielendal neat mei dy pannen, dat ik tocht al dat ik it griente ynmeitsjen mar oerslaan moast. Dat moast dan mar yn ‘e friezer.

Mar no begjinne se hieltyd mear oer stroom te eameljen, de krisis en Poetin en sa. Dat doe’t ik op YouTube filmkes tsjinkaam oer fleis ynmeitsjen sûnder hegedrukpanne, begûn ik der dochs oer te tinken om it yn alle gefallen ris te besykjen. In filmke fan ‘Our gabled home’ joech de trochslach. Dat YouTubekanaal is fan in Anja út Dútslân, dy’t no yn ‘e Feriene Steaten wennet. Dy fertelde dat se yn konservefabriken, as bygelyks de termometer it net docht en it net wis is oft in hiele partij wol of net goed is, it hiele spul in moanne oan ’e kant sette. As der botulisme yn sit, dan begjint dat yn dy fjouwer wike de gefaarlike gassen te meitsjen. As de blikken nei dy tiis net útset binne en proeven útwize dat der neat te rêden is, dan geane se gewoan yn de ferkeap.

Dat no kin ik alles wat ik wol besykje, fuort mar opite of nei fjouwer à seis wike sjen oft it lid noch fêst sit. Oft it lid noch fêstsit? Ja, ik haw in protte leard. Under mear dat ik myn moaie wekpotten nei it ynmeitsjen sûnder klemkes oan it lid optille kinne moat; as se fêstsitte is it goed. Dan binne se fakuum en sit der gjin botulismetoksinegassen yn.

Mar foar my is it noch gjin rûtine. It duorre folle langer as ik pland hie, der passen folle minder potten yn myn pannen as ik tocht hie en ik woe it ek noch op de houtkachel besykje. Ja, as men it docht, moat men it goed dwaan, net? Ik hie wol ris yn ‘e houtûne iten klearmakke, mar noch nea op de plaat iten sean mei it lid omheech. It foel wat ôf. Ik koe de temperatuer yn de panne mar min omheech krije. En ik mar stoke. Ik miende al dat ik lêst fan opstigingen hie en draafde yn in T-shirtsje troch de keet. Doe’t ús soan deryn kaam en frege wêrom’t it sa waarm wie, seach ik it efkes nei: hast tritich graden! Om iten te sieden moat fansels it lid fan ‘e kachel omheech, dat betsjut mear waarmte yn ‘e hûs en minder waarmte yn ‘e wettertank. Ik wit net oft ik dat nochris doch, mar as ik it wol doch, dan wol ik in gruttere panne sjen te finen dêr’t mear potten yn kinne. En miskien dochs mar op de ynduksjeplaat.

Doe’t ik op in stuit nei de keamer gie om wat potten op te heljen, seach ik in reebok yn ‘e tún! Hy wie oan it apeliten. Ik liet alles stean, it koe him wol efkes rêde, en pakte myn moaie kamera derby. Earst de iene lins en dêrnei de oare, en knippe mar! Der sieten in pear moaie foto’s by.

Foto SD

En doe seach ik dat it bokje in bytsje kreupele. Ik seach nochris goed nei de poaten en doe skrok ik derfan! Hy miste in hiele foarpoat! Heden! Ik wist net dat se dat oerlibje koene. Ik begûn him fuort, sa’t we dat tsjintwurdich hearre te dwaan, begrutlik te finen en seach foar my hoe’t er ferwûne oprôle hast dea lei te gean, de stakker. Mar doe toch ik, nee, it is in strider! In oerlibber! Hy hat it rêden, hy libbet noch en it giet goed mei him!

Mar doe’t ik de oare deis seach dat er net allinnich apeltsjes opiten hie mar ek hast alle snijbyt, moast ik kieze: lilk op him wurde of net. Hy is fansels wol in slachtoffer. En sa’t we yn ’e wrâld sjogge, meie guon slachtoffers alles dwaan, geweld brûke, winkels ôfbrâne en sa, want se kinne der neat oan dwaan, se binne ommers slachtoffer. Dat ik besleat om sels noch wat boerekoal foar him ûnder it net wei te plôkjen, want ik mei net lilk wurde op in stakker fan in ree dy’t in foarpoat mist.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
novimber 5, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.