Sikkom oer diskriminaasje Frysktaligen: “Medewerkers worden gek van Fries gebrabbel”

novimber 11, 2022 17:48

Stel dat de Nederlânske oerheid de doarren slute soe foar in groep minsken mei klachten en dat de media berjochtsje soene: “Ambtenaren werden gek van ongewassen uitkeringstrekkers” of “Personeel werd hoorndol van zanikende flikkers”. Soe it lân net fuort op ‘e kop stean? Sa berjochtsje serieuze media ommers net oer diskriminaasje.

Friezen hawwe it wetlik rjocht om yn harren eigen taal mei de oerheid te kommunisearjen, wat jo dêr ek fan tinke meie. In part fan de oerheid wol dat rjocht blykber net ynskewiele, as it nijs fan RTV Drenthe korrekt is. Soks is diskriminaasje en dat mei net.

Wat makket it Grinslânske nijswebstee Sikkom der lykwols fan? “Defensie schakelt klachtenlijn uit. Medewerkers worden gek van Fries gebrabbel”. Dat is grif grappich bedoeld, mar set foaral minsken tsjin de Fryske taal op en ûnderkent net dat der wier sprake is fan ûnwettige diskriminaasje.

novimber 11, 2022 17:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.