Sealterfryske kwizzen binne mear romte nedich
Resint ferskynd
Freed waard yn it Sealterlanner doarp Roomelse foar de tredde kear in Frysktalige kroechkwis hâlden. Foar it earst die der ek in ploech út de provinsje Fryslân oan mei. Mei fyftjin ploegen wie de kroech fol, wylst der mear oanfragen foar dielname wiene. De organisaasje hat dêrom ôfpraat dat by de fjirde edysje fan de kwis in tinte by de kroech pleatst wurdt om mear ploegen in plak jaan te kinnen.
De winners wiene de manlju fan de ploech men@work. Hja krigen in tegoedbon fan fyftich euro. De earste twa edysjes wiene wûn troch frouljusploegen. De fragen waarden steld yn de (wat fan ús Frysk ôfwikende) Fryske taal fan Sealterlân.
Ien fraach wie: “Weerfoar stoant QR in ‘QR-Codes’?” (antwurd: Quick Response), in oaren ien: “Wäl of wät is La’eeb?” (de maskotte fan it wrâldkampioenskip balskoppen). Fierder moasten de dielnimmers bygelyks witte wat de kleuren wiene fan de flagge fan Sealterlân (blau en giel) en mei hokker Poalske gemeente Sealterlân in stalkebûn hat (Sroda Slaska).

Wat in geweldich nijs!!!
“De fragen waarden steld yn de (wat fan ús Frysk ôfwikende) Fryske taal fan Sealterlân.” It Sealter Frysk wykt likefolle fan ús Frysk ôf as Nederlânsk fan Dútsk. It Sealter Frysk is as aparte taal erkend troch de Dútske oerheid, op it heechste nivo fan erkenning, krekt sa’t ús Frysk in aparte taal. Dat betsjut dat ús Frysk en Seelter Frysk sustertalen binne. Dat men mei it Frysk ek oantsjutte as: in taalfamylje.