Sanne Kabalt nije residint Keunsthûs SYB
Resint ferskynd
Sanne Kabalt ferbliuwt fan 18 novimber o/m 23 desimber as residint yn Keunsthûs SYB yn Beetstersweach. Sanne rjochtet har yn har wurkperioade op widzelietsjes, dy’t yn hast alle tiden en kultueren brûkt wurde om poppen en lytse bern yn ’e sliep te krijen.

Sanne Kabalt (foto: Sjoerd Knol)
It widzeferske hat in protte ferskillende en faak ambivalinte kwaliteiten. It is bedoeld om del te bêdzjen, mar de teksten kinne ek tsjuster wêze; it wurdt útsprutsen yn yntime partikuliere sfear, mar is ek ûnderdiel fan in fanselssprekkende kollektive kennis.
Yn Keunsthûs SYB wol Sanne Kabalt de histoaryske, narrative en auditive kwaliteiten fan (regionale en ynternasjonale) widzelietsjes ûndersykje en dy mei har byldzjende praktyk ferweve. In tige persoanlik ûndersyk fan in tatefarske mem, dy’t har dochter as ynspiraasjeboarne en primêr publyk meinimt. Troch de loep op widzelietsjes te lizzen, rjochtet se in histoaryske mar ek aktuele blik op wat de maatskiplike ferwachtingen fan in mem oant hjoed-de-dei binne. Njonken wiidweidich ûndersyk nei ynternasjonale widzeferskes, sil se persoanlike petearen mei de bewenners fan Beetstersweach hâlde en ûndersyk yn ’e argiven fan Tresoar dwaan om ynsjoch yn Fryske widzelietsjes te krijen.
Yn de tiid dat Sanne Kabalt residinsje yn Keunsthûs SYB hâldt is dat sneons en sneins fan 13.00 oant 17.00 oere iepen. Mear ynformaasje oer har residinsje is hjir te finen.
Oprop
Kenne jo noch widzelietsjes út de streek, of just widzelietsjes út oare plakken? Foaral widzeferskes dy’t de realiteit en skaadside fan it âlderskip beljochtsje, binne nijsgjirrich foar it ûndersyk. Tips binne tige wolkom fia sannekabalt@gmail.com. Of bring yn in wykein in besite.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje