Saakkundigen net fleurich oer Frysk taalbelied: tiid om oan it wurk te gean

novimber 11, 2022 12:12

Sneon wie it presys tritich jier lyn dat it Nederlânske regear it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden ûnderskreau. It Nijs skreau dêr fan ‘t wykein al oer. Ta gelegenheid fan dy “jierdei mei in swart rantsje”, sa’t ús redaksje it neamde, hâlde it offisjele advysorgaan foar de Fryske taal Dingtiid sneon in sympoasium. De sprekkers dêre hiene in dúdlik boadskip: it Hânfêst is in moai begjin, mar it wurdt tiid dat de oerheid no ris wat docht om it Frysk fierder te emansipearjen. Harren praatsjes steane no online.

Bestjoerskundige Heinrich Winter lei út hoe’t it taalbelied wurket. Hy fertelde dat it Hânfêst net mear is as in basis foar oare beliedsdokuminten. Dy binne der ûnderwilens wakker, bygelyks de bestjoersôfspraken tusken Ryk en Fryslân en de Wet Gebrûk Fryske Taal, mar neffens Winter moat der by de ministearjes folle mear omtinken komme foar it Frysk. Hy seit: “Het is de vraag of aan de zijde van het Rijk onvoldoende bewustzijn, sensitiviteit en respect bestaat voor het feit dat Nederland een meertalig land is en dat het Fries een bijzondere positie toekomt, wat ook inspanningen van het Rijk vraagt.” Dat oerheden yn Fryslân gauris yn striid mei de wet dreech dogge oer minsken dy’t it Frysk brûke, bringt er op ûnwil. Regionale en gemeentlike oerheden kinne neffens Winter ek folle mear dwaan as no, bygelyks it Frysk sichtberder meitsje. Yn it middelber beropsûnderwiis soene learlingen ek better as no op de meartalige Fryske maatskippij taret wurde moatte. Winter syn ferhaal is hjir te lêzen.

Taalûndersiker Albert Walsweer gie op it ûnderwiisbelied yn. Dat liket op papier goed regele, mar de praktyk is gâns drôviger. Walsweer wiisde wol op foarútgong. Mear skoallen hawwe bygelyks learboeken foar it Frysk oantúgd of stjoere leararen op kursus om bettere Fryske lessen jaan te kinnen. Dochs konkludearret Walsweer “dat wy der noch lang net binne en ek dat wy op alle nivo’s noch stekken falle litte”. It Frysk hat op de measte skoallen noch altyd gjin struktureel plak en it beropsûnderwiis ret bern net goed ta op de meartalige maatskippij. Dat moat oars, neffens de ûndersiker. Syn praatsje stiet hjirre.

Dat it Frysk yn De Haach op papier wol, mar yn de praktyk net serieus nommen wurdt, befêstige Harry Bevers, in Fries dy’t foar de VVD yn ‘e Twadde Keamer sit. Hy sei: “Als Friese Kamerleden moeten we constant alert zijn. Het Fries wordt al gauw gezien als een folkloristische hobby van boven Zwolle. In Den Haag wordt niet altijd goed beseft hoe belangrijk het is voor de mensen hier.”

novimber 11, 2022 12:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.