Ried freget oardiel oer posysje Frysk op skoalle

novimber 29, 2022 17:05

De Ried fan de Fryske Beweging freget yn in brief oan it Europeeske Advisory Committee foar it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden (Ried fan Europa, CoE) om advys oer de status fan it Frysk op skoalle. Mei dat advyskomitee hat de Ried ôfrûne simmer in petear hân doe’t it yn Ljouwert wie om te hifkjen hoe’t it derfoar stiet mei it Frysk. De Ried stelt yn de brief in tal fragen oer de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis en freget oan it advyskomitee om te besjen oft dy posysje strykt mei de tapassing fan it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan Nasjonale minderheden.

De brief is yn trije talen (Frysk, Nederlânsk en Ingelsk) yn ôfskrift nei tal fan ynstânsjes en politisy stjoerd en is hjirby taheakke: 20221128_ACFC-RfdFB_FRL

novimber 29, 2022 17:05
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Martin VanDyk desimber 1, 10:42

    I’m moat it mar sizze. Myn oardiel stipet it ûnderwizen fan it Frysk op skoallen. Wy moatte witte, dat it Frysk in stjerrende taal is. Sille wy it libben hâlde?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.