Restaurants yn Sealterlân ferspriede ynformaasje oer it Frysk
Resint ferskynd
Restaurants, kafees en hotels yn Sealterlân yn Dútslân dogge mei oan in kampanje om it taaltoerisme yn de Frysktalige enklave te befoarderjen. De Oldenburgische Landschaft hat in boartlik boekje meitsje litten mei eftergrûnynformaasje oer de taal en mei wat praktyske wurden en sinnen dy’t toeristen brûke kinne as se yn Sealterlân binne. It wurdt fia de horeka ferspraat.

Betinker Henk Wolf lange moandei it earste eksimplaar oer oan Tiziano Marin fan restaurant Da Tiziano yn it doarp Roomelse. De oare horeka-saken yn it gebiet krije it boekje de kommende tiid ek. Toeristen kinne it fergees meinimme.
Sealterlân leit yn de Dútske dielsteat Nedersaksen tusken Leer en Oldenburch. It bestiet út fjouwer doarpen. Yn de midsiuwen binne der Friezen hinne set. Trochdat it sa ôfhannich lei, is it Frysk der amper troch oare talen beynfloede en is it yn in fierder Nedersaksysktalige streek oant rûchwei 1960 de fiertaal yn de streek bleaun. Hjoed de dei is it Frysk der lykwols in bedrige minderheidstaal. De boekjes binne diel fan in kampanje om de taal yn it deistich libben sichtberder te meitsjen en sa de grutskens derop te fergrutsjen.
Da Tiziano hat de boekjes fuortendaliks op alle tafels en by de kassa lein. Eigneresse fan it restaurant, Katarzyna Marin, seit dat toeristen gauris om ynformaasje oer de taal freegje, mar dat se oant no ta neat hie om harren te jaan. Hja is dêrom wiis mei de kampanje.

Foto’s: Oldenburgische Landschaft
Moai Henk. Meist om my foar ús Fryslân ek dyn kreativens sjen litte yn it ramt fan ‘meitsje it Frysk sichtberder’. Ik moat de earste ytgelegenheid noch tsjinkomme, dêr’t ik ferwolkomme wurd mei ‘Goejûn’, ‘Kom yn’, ‘Wat mei it wêze?’ ‘Ta jo tsjinst’ ‘Lit it jo/jim smeitsje’ ‘Tige tank foar jo komst’ ‘Oant sjen’ ensafuorthinne.
Wer kin ik sa’n boekje krije?
Hilbert, ik soe sizze: even nei Rommelse om pytsa!