Reinder Reitsma: Noch lang net boppe

novimber 26, 2022 07:41

Prakkesaasjes nei de Rede fan Fryslân

Wat haw ik, om te begjinnen, oan posityfs oerholden oan de op 24 novimber op it Provinsjehûs troch minister Hanke Bruins Slot útsprutsen ‘Rede fan Fryslân’?

Dat se har blykber wol aardich ynformearje litten hie oangeande in oantal saken, dy’t mei de posysje fan it Frysk troch de iuwen hinne te krijen ha. Sa kamen Grutte Pier, Gysbert Japicx en Kneppelfreed allegear wer foarby. En dat se har as minister ynsette wol foar it behâld fan de Fryske taal. Dat hâldt dan ûnder mear yn, dat se a) yn ‘e mande mei minister Dennis Wiersma it ûnderwiis yn it Frysk ferbetterje wol, om sadwaande jonge minsken it Frysk goed praten en skriuwen te learen, b) mei de provinsje en de RUG prate wol, no’t der net in nije heechlearaar Frysk beneamd is en c) it in goed idee fynt, om troch de Twadde Keamer in kommisje ‘Friese Taal’ yn te stellen. Jawis, dat is net neat en it is saak dat wy har dêroan hâlde. Want ja, it is mei sizzen net te dwaan, sa’t Arno Brok earder ek al sei.

Fierders docht it my net safolle, as der ek by dizze gelegenheid troch har en oaren suggerearre wurdt, dat it Frysk sa’n moaie taal is (moai om yn te sjongen en te dichtsjen) en dat it de taal fan it herrrt is (wie der net ien op it ministearje, dy’t har fertelle koe, dat wy yn it Frysk de ‘r’ foar de ‘t’ net útsprekke?). It rjocht, om yn ús provinsje Frysk te brûken is dochs net ôfhinklik fan de mooglike skjintme fan dy taal? Boppedat, wa sil hjir samar efkes beskiede wat moai is of net?

Nei ôfrin koene wy út ‘e Steateseal wei nei ‘beneden’ gean foar in hapke en in drankje, krigen wy te hearren. Jaja, en Fryslân grif ‘boven’, tocht ik doe. Doe’t ik letter ûnder by de lift lâns kaam seach ik dêr op in buordsje nammers wol ‘ûnder’ stean. Hawar, mei ús taal binne wy fansels noch lang net boppe.

Sjoch ek ús berjocht Minister: befoarderjen fan Fryske taal en kultuer is ryksferantwurdlikheid.

Reinder Reitsma is foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging

novimber 26, 2022 07:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.