Provinsje Fryslân en gemeente It Hearrenfean dogge mei oan Chemport Europe

novimber 11, 2022 08:37 Fernijd

Chemport Europe is de namme fan it gearwurkingsferbân foar griene gemy yn Noard-Nederlân. Chemport wol yn 2030 koprinner op it mêd fan griene gemy yn Europa wêze. Om dat te berikken wurkje bedriuwen, kennisynstellings en oerheden yn ’e noardlike regio yntinsyf mei-inoar op. Chemport Europe soarget foar fergriening en nei ferwachting ek foar mear wurkgelegenheid. Mei it oansluten fan ’e provinsje Fryslân en gemeente It Hearrenfean is it noardlike oparbeidzjen folslein. Fryslân draacht alle jierren € 110.000 by.

Foto: Provinsje Fryslân

Sirkulêre plestiks en op ’e nij brûken spylje in tige wichtige rol yn it fergrienjen fan gemy. Fryslân en It Hearrenfean binne in wolkomme fersterking yn it ramt fan dat oparbeidzjen, fanwegen de ekspertize en aktiviteiten op dat mêd. Tink bygelyks oan it NTCP (Nationaal Test Centrum Circulaire Plastics), de Kunststof Sorteer Installatie, NedCam en Morssinkhof Plastics.

Deputearre Friso Douwstra: “Sirkulêre grûnstoffen hawwe de takomst en meitsje dat it fergrienjen fan Fryslân hurder giet. Dat wurdt op It Hearrenfean al yn ’e praktyk brocht. Dêrom slute wy oan by Chemport Europe. It oparbeidzjen biedt ek kânsen foar oare ûntwikkelings, lykas biomassa en wetterstof.”

Chemport Europe telt mei-inoar sa’n 120 bedriuwen, mei dêrûnder gemyklusters yn Delfsyl en Emmen en recycling ekspertize om It Hearrenfean hinne. Oanfolle mei in grut kenniskluster oangeande de Universiteit fan it Noarden (MBU, HBU en WU) en ’e aktive rol fan provinsjes en gemeenten, wurdt hurd wurke om de prosesyndustry te ferduorsumjen en te fersterkjen. Dêrfoar binne de transysje nei op ’e nij te brûken net-fossile grûnstoffen, it ferleegjen fan útstjit en it brûken fan op ‘e nij yn te setten enerzjy de spearpunten. Nei ferwachting soarget Chemport Europe ek foar it groeien fan ’e wurkgelegenheid yn it Noarden.

De partners fan Chemport Europe op in rychje:

De gemeenten Iemsdelta, Emmen, It Hearrenfean, Het Hogeland;
De provinsjes Drinte, Fryslân, Grinslân;
Hanzehogeschool Groningen, NHL Stenden, Ryksuniversiteit Grins, GETEC.PARK EMMEN, Groningen Seaports, Samenwerkende Bedrijven Eemsdelta, Campus Groningen, NOM.

Foar mear ynformaasje kin kontakt opnommen wurde mei Maaike van Heeren, m.vanheeren@chemport.eu.

novimber 11, 2022 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.