Pier Bergsma: In eigen hânfêst foar it Frysk ?
Resint ferskynd
Lannen ûndertekenje fan alles en sizze fan alles ta, mar de praktyske útwurking bliuwt efter. Hânfêsten binne papieren tigers.
Skôging
Sneon 5 novimber wie it tritich jier lyn dat it Nederlânske regear it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden ûndertekene. Nei oanlieding dêrfan organisearre DINGtiid, it orgaan foar de Fryske taal op dy dei in gearkomste.
Heinrich Winter, heechlearaar bestjoerskunde fan de universiteit fan Grins en neffens himsels ‘bewonderaar’ fan de Fryske taal, kaam as earste oan it wurd op dizze goed besochte moarnsgearkomste yn De Koperen Tuin yn Ljouwert. It wie him opfallen doe’t er it treinstasjon útrûn dat der gjin Frysk wurd te sjen wie. Ien fan syn konklúzjes oangeande it Eurpopeeske Hânfêst wie dat der net allinne wat de sichtberens fan it Frysk oangiet noch in soad barre moat. Soe it net better wêze dat de ynwenners fan Fryslân sels mei in eigen hânfêst komme?
Goed bedoeld fansels, mar it sil net helpe. Soms wurd ik moedeleas fan al dy praterij en skriuwerij oer it Frysk en hoe’t it fierder moat. It is in einleas wjerkôgjen en mear fan itselde. De sichtberens fan it Frysk wurdt al jierren troch de Ried fan de Fryske Beweging oan ’e oarder steld. Oant no bart der op dat mêd amper wat. Arriva hat it goede foarbyld jûn. Op de kaartsjeautomaten fan dat bedriuw steane fiif talen, it Frysk ek.
Ik bin net de iennige dy’t kritysk is oer de wurking fan it Europeesk Hânfêst. Op 9 septimber waard der yn it Europeesk Parlemint yn Brussel in gearkomste holden mei as titel ‘Let’s act against the decline of linguistic rights in European Union’. Fernand De Varennes, de spesjaal oanstelde rapporteur foar minderheden, kaam yn syn bydrage ta de konklúzje dat it der net goed útsjocht mei de takomst fan minderheidstalen. Lannen ûndertekenje fan alles en sizze fan alles ta, mar de praktyske útwurking bliuwt benefter. Sjoch de foto dy’t ik makke fan de konklúzjes fan de gearkomste yn Brussel, bygelyks de twadde “Widening gap between official rhetoric and concrete actions”.

Foto: Pier Bergsma
Foarbylden genôch. Tink oan de resinte gong fan saken hjir by ús om net in nije heechlearaar Frysk yn Grins oan te stellen.
De polityk yn Den Haag, mar ek de provinsjale polityk oangeande it Fryk is in sleauwe boel. De fraach fan guon lêzers sil wêze: “Wat docht de Ried sels?” Sadwaande haw ik opsocht wat ús reaksje wie op de lêste besite fan de Ried fan Europa oan Fryslân oangeande de fuortgong fan it Hânfêst.
Trije jier lyn in rapportaazje fan de Ried fan Europa
Op 5 novimber 2019 kaam de seisde rapportaazje fan it Committee of Experts fan de Ried fan Europa. De Ried fan de Fryske Beweging hat nei oanlieding fan dat rapport in brief skreaun oan it ministearje fan Ynlânske Saken. Ik helje der in pear dingen út:
Yn dit antwurd wolle wy ús graach beheine ta in pear haadpunten. It Frysk is sûnt 1980 in ferplicht fak foar de basisskoalle en sûnt 1993 foar de leechste klassen fuortset ûnderwiis. Spitigernôch moatte wy konkludearje dat de measte Friezen nei al dy jierren noch analfabeet binne yn harren eigen taal.
De measte ynwenners fan de provinsje hawwe in positive hâlding foar it brûken fan it Frysk. Ek in protte net-Frysktaligen fersteane de taal. It wurdt oars as it giet om it ûnderwiis. De trijetalige basisskoallen kinne rekkenje op de sympaty fan de measte âlden. Dy hechtsje der grut belang oan dat it Ingelsk leard wurdt, it Frysk nimme se op ’e keap ta. Spitigernôch besteegje de measte basisskoallen fierstente min tiid oan it Frysk en yn it fuortset ûnderwiis, mbû, hbû en universitêr ûnderwiis is de situaasje noch folle minder. Der is ien faktor dy’t oant no yn dit ferbân serieus ûnderbeljochte is. It giet dan om de gebrûkswearde en sichtberens fan it Frysk. In protte studinten, âlden en learkrêften freegje har ôf wêrom’t se safolle tiid besteegje soene oan ûnderwiis yn it Frysk. Prate en ferstean giet ek sûnder al dy edukative ynspanningen.
De kearn fan it probleem is dat yn de provinsje Fryslân yn ûnderwiis, soarch en iepenbier bestjoer elke baan te krijen is sûnder dat easken oan de behearsking fan de Fryske taal steld wurde. De sichtberens fan de taal yn it deistich libben is lyts.
Gelokkich hawwe wy Omrop Fryslân mei Fryske radio en telefyzje. De rest fan it medialânskip is earmoedich. De lanlike en provinsjale oerheden moatte der alles oan dwaan om de sichtberens en de gebrûkswearde fan it Frysk te fergrutsjen
Ta beslút:
- De Ried fan de Fryske Beweging is fan betinken dat alle rjochtsaken fan Frysktaligen yn Ljouwert behannele wurde moatte. De help fan in tolk wurdt troch de measte Friezen as keunstmjittich beskôge. It gebrûk meitsjen fan tolken wurdt tastien troch de wet, mar it is skealik foar de posysje fan it Frysk. Ommers, wêrom soe men fan alle belutsenen by de rjochtbank noch freegje om it Frysk ferstean of prate te kinnen? Elkenien dy’t belutsen is by de rjochtbank yn Ljouwert moat it Frysk behearskje.
- Kultureel ferskaat en meartaligens binne wichtige oandachtspunten yn de opliedingen. It gefaar is dat it Frysk dêrtroch noch minder omtinken kriget as no al it gefal is.
- Skriftlike ynformaasje fan it iepenbier bestjoer moat altyd yn it Frysk beskikber wêze.
- De oerheid rjochtet him op literêre fiksje en non-fiksje. De oerheid moat folle mear dwaan foar gewoane lêzers. Dêrmei wurdt it Frysk net allinnich sichtber, mar kriget it ek gebrûkswearde.
Wy ha it allegear al tûzen kear oan ‘e oarder steld en al tûzen kear de oplossingsrjochtingen oanjûn, Pier. It wurdt tiid om de wierheid te sizzen: ús taal hat neat oan in FNP yn it regear. Ien kear yn ‘t healjier in fraach stelle en fierder alles mar akseptearje. Wat wy noadich hawwe is opposysje. Fan populisten dy’t net mei Covid, WEF of The Great Reset de boer op gean, mar mei de takomst fan it Frysk.
Om 2008 hinne haw ik foar de (Nederlânske) dôven en minhearrenden it Hânfêst rigel foar rigel bydel west. Soks om’t ik de fraach krige om de juridyske kant fan it Frysk te hifkjen op de brûkberens foar de gebeartetaal.
Yn dyselde tiid hat it ministearje fan Ynlânske Saken tegearre mei de Topografyske Wurkgroep Fryslân de oanset ta bestjoersôfspraken by de weryndieling fan Fryske gemeenten jûn. Dy bestjoersôfspraken draaie allegear om kêst 4 lid 2 hinne. Op trije mominten hawwe trije ferskate ministers dat kêst dus ûndertekene. Alle trije ôfspraken hawwe yn it Steatsblêd stien en dêr kinne wy ús dus ienfâldich op beroppe. Mear jurisprudinsje sille wy foar it Frysk oangeande it Hânfêst foarearst net krije.
It regear lit him dus wol fergje op it Hânfêst, mar de provinsjale polityk moat it wol dwaan fansels.
De RfdFB soe better de punten ien foar ien oanpakke kinne mei de oanbelangjende ynstânsjes krekt as de JFM. It is in lange wei, mar ja, mar ja.