Foarsitter klimaattop stiet oan op aksje
Skea as gefolch fan klimaatferoaring is foar it earst offisjeel ûnderwerp fan petear op de Klimaatkonferinsje fan de Feriene Naasjes, dy’t snein yn it Egyptyske badplak Sharm-el-Sheikh úteinset is. Mear as hûndert steatshaden en regearlieders binne byinoar op de klimaattop.