Orkaan Nicole komt op eastkust Floarida ôf

novimber 10, 2022 09:26

Yn ’e Amerikaanske steat Floarida is op ferskate plakken opdracht ta evakuaasje jûn fanwege in orkaan dy’t tichterby komt. De orkaan luts earder as tropyske stoarm oer de Bahamas. Dêr moasten 860 minsken earne oars ûnderdak sykje.

Foto: pixabay.com

Der binne wynfaasjes fan 120 kilometer yn ’e oere metten en de Nasjonale Oseane en Atmosfearyske Administraasje (NOAA) sprekt ûnderwilens fan in orkaan yn ’e kategoary 1, mei de namme Nicole. It evakuaasjebefel yn Floarida jildt ek foar it resort fan earder presidint Trump, Mar-a-Lago.

Neffens it Nasjonale Orkaansintrum is Nicole op it stuit op sa’n 170 kilometer fan it plak West Palm Beach ôf. Nei alle gedachten komt de orkaan nei midsnacht (lokale tiid) oan lân tusken West Palm Beach en Melbourne, stêden benoarden Miami. De autoriteiten hâlde rekken mei stoarmfloeden dy’t de kustline fan de steat fierder ferrinnewearje kinne. The Washington Post skriuwt dat hege wetterstannen al skea feroarsake hawwe oan in stikmannich gebouwen yn kustgemeenten. Ofrûne septimber waard Floarida ek al troch orkaan Ian troffen, ien fan de swierste stoarmen dy’t it Amerikaanske fêstelân ea oandie.

Ferwachte wurdt dat Nicole ek noch oer de steaten Georgia, North Carolina en South Carolina raze sil en foar in protte reinwetter soargje sil. In orkaan yn novimber komt neffens meteorologen mar komselden foar.

novimber 10, 2022 09:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.