Oer Wurkje, Wenje, Wyn: wat moat wêr yn Fryslân?

novimber 21, 2022 08:20

De Fedde Schurerlêzing is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging yn gearwurking mei Tresoar, de Fryske Akademy en de Leeuwarder Courant. Ynhâldlik wurdt stribbe nei in syklus fan ûnderwerpen dy’t te krijen hawwe mei Fryslân en it libben en wurk fan Schurer: polityk, ûnderwiis, sjoernalistyk, poëzy, it Frysk, Fryslân en teology. Yn de lêzingen wurdt safolle mooglik de Fryske aktualiteit belutsen. Dizze kear wie it tema: Romtlike Oardering.

Francesco Veenstra, Ryksboumaster, fertelde oer it meitsjen fan plannen foar de takomst fan Nederlân. Kearnpunt fan syn ferhaal is dat de fokus fan dy plannen net lizze moat op jiertallen, mar op de hichte fan de seespegel en rekken hâlde moat mei boaiem en wetterkwaliteit. Alles wat wy no dogge, hat oer hûndert jier ynfloed. Dêr moatte wy de tiid foar nimme. Transysjes kostje tiid.

Avine Fokkens-Kelder, deputearre Ferkear en Ferfier, Romtlike Oardering en Ynfrastruktuer, liet ús sjen dat de Lelyline der echt wol komme moat. De treinlinen dy’t we no yn Fryslân hawwe, datearje út de tiid dat Abraham Lincoln presidint fan Amearika wie. Benammen de line Meppel-Ljouwert kin it ferkear net mear oan. Wy binne út Rotterdam wei earder yn Parys as yn Ljouwert. In bettere treinferbining is fan belang om ús bern in goede takomst te jaan.

Sijbe Knol, Steatelid foar de FNP, fynt dat de plannen fan Fokkens gjin takomstfyzje sjen litte. It jild foar de Lelyline kinne we better ynvestearje yn eigen Fryske ynfrastruktuer en de mienskip yn Fryslân. Wy hawwe hjir genôch fearkrêft om ússels te rêden. Wy moatte ús net rjochtsje op de Rânested, wy binne ûnderdiel fan in grutter Europa.

Jantien de Boer spruts in kollum út oer de tastân yn Fryslân en de wrâld. Wêrom moatte we altyd útgean fan groei? Se docht in pleit foar wat minder mear.

Troch it tal sprekkers wie de romte foar diskusje beheind. Ryksboumaster Veenstra waard der troch in boer op wiisd dat we net mear de tiid nimme kinne foar de krises dêr’t we hjoed-de-dei tsjinoan rinne. It as al twa foar tolven. Veenstra bedoelt lykwols dat we soms efkes ôfstân nimme moatte, om te sjen wêr’t it hinne moat. In transysje kostet tiid. Yn 2100 sille der wier minder bisten yn Nederlân wêze.

Hayo Apotheker skreau earder dizze wike al yn de Ljouwerter Krante en stelt no nochris de fraach, wêrom’t we yn Fryslân dochs sa bang binne foar nije ûntjouwingen. Sa ferkeard is it dochs net dat we út Fryslân wei makliker mei it iepenbier ferfier op besite kinne nei de bern en bernsbern dy’t yn de Rânestêd wenje? Sijbe Knol tinkt, dat in soad minsken tefreden binne mei de eigen omjouwing. Dy hawwe leaver foarsjenningen yn de regio as in fluggere ferbining mei it westen fan Nederlân of mei Parys. Lit ús harkje nei it lûd fan sokke minsken dy’t hjir de mienskip draaiend hâlde.

It desimbernûmer fan DE NIJE hat romtlike oardering as tema mei û.o in fraachpetear mei Veenstra.

 

novimber 21, 2022 08:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.