Noard-Nederlân makket ôfspraken mei Ryk oer Lelyline: ûndersyk en projektorganisaasje
Resint ferskynd
Der komt in wiidweidich ûndersyk nei de Lelyline, de streekrjochte spoarferbining tusken Ljouwert / Grins en de Rânestêd. Dat is ien fan de ôfspraken dy’t it Ryk en Noardlike oerheden ferline wike mei-inoar makke hawwe.

Foto: Wikipedia/Combino – CC BY-SA 3.0
By dit MIRT-ûndersyk wurde alle tinkbere farianten foar de Lelyline yn kaart brocht en beoardiele. Foar dit ûndersyk en de nij op te rjochtsjen projektorganisaasje is acht miljoen euro útlutsen. Ryk en regio betelje beide de helte fan dy kosten. “Dit is een belangrijke stap richting de realisatie van de Lelylijn”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder. “We zijn blij dat zowel Rijk als regio hiermee onderkennen hoe belangrijk ze het vinden dat de Lelylijn er snel komt.”
Njonken it ûndersyk binne ek oare ôfspraken makke op it mêd fan ynfrastruktuer. De haadpunten foar Fryslân:
– It Ryk bliuwt ferantwurdlik foar de feartsjinsten nei de Fryske Waadeilannen en de stoptrein tusken Ljouwert en Zwolle. Ryk en de provinsje hawwe konkludearre dat se it op dit stuit net iens wurde kinne oer beide desintralisaasjes. By de trein is it ferskil te grut tusken de fergoeding dy’t it Ryk biedt en it bedrach dat de provinsje ferwachtet nedich te hawwen. By de feartsjinsten soe desintralisaasje grutte risiko’s meibringe en is de mearwearde foar de reizger beheind.
– De tarieding fan de oanpak fan trije brêgen oer de haadfarwei De Lemmer-Delfzijl wurdt wer yn gong set. It giet om de brêgen Twellingea, Skûlenboarch en Aldskou. Nei’t yn desimber 2021 besletten waard om de oanpak út te stellen, hat it Ryk der no by de Najaarsnota 2022 wer middels foar reservearre.
– De oanpak fan de brêge Koatstertille giet in nije faze yn. Minister Mark Harbers hat dêr in startbeslissing foar ûndertekene en oan deputearre Fokkens-Kelder oerlange. Yn in MIRT-ûndersyk dat no folget wurde de opsjes foar ferfanging troch in nije brêge of in akwadukt ûndersocht.
– Foar oanpak fan de brêge Spannenburch, dêr’t earder ôfspraken oer makke binne, wurdt op in letter tiidstip in foarkarsfariant keazen. It giet dêr benammen by om de fraach oft der opnij in brêge komt of in akwadukt, sa’t de provinsje it wol.
Oer winsken foar it ferbetterjen fan de spoarline Ljouwert-Zwolle binne gjin tasizzingen dien. Noard-Nederlân frege bydragen foar de oanpak fan de HRMK-spoarbrêge by Ljouwert en de ferbettering fan it stasjon Meppel. “Die zijn allebei essentieel om Noord-Nederland de komende jaren goed bereikbaar te houden”, seit Fokkens-Kelder. “We vinden dat het Rijk hierin een verantwoordelijkheid heeft. Ook als provincie zijn we bereid bij te dragen aan de oplossing voor de HRMK-spoorbrug.”
In oar iepensteand punt is it oanpassen fan it spoaremplasemint yn Ljouwert, dat nedich is om de fjirde trein tusken Ljouwert en Snits yn de takomst ride te litten. Ryk en regio prate noch dit jier fierder oer de dekking fan in tekoart fan 2,5 miljoen euro. Fokkens-Kelder hopet dat dy nije petearen ta in foar Fryslân positive útkomst liede sille. “Want it is fan grut belang om ek yn it hjoeddeiske spoar te ynvestearjen.”
Wêrom 8 miljoen útlûke foar in ûndersyk nei in ûnrealistysk projekt as de Lelyline?
Grins, Assen en Zwolle hawwe al in streekrjochte ferbining mei de Rânestêd..
Dútslân (Niedersachsen) hat al oanjûn neat te fielen foar in upgrading nei in oanslutende hegesnelheidsline, omdat der te min minsken fan gebrûk meitsje sille.
Dat jildt ek foar it part yn Nederlân. De measte forinzen hawwe der gjin trije oeren of mear deis foar oer om hinne en wer nei wurk en hûs te reizgjen.
It trajekt sil op kosten gean fan lânbou- en natoergrûn.en rint foar in grut part oer weake feangrûn. En geane we bygelyks om of troch de Tsjûkemar hinne?
It is wer in prestiizjeobjekt, lykas Holwert oan See.
Uteinlik sil it projekt tig miljarden kostje. Set it jild yn foar de ferbettering fan de line Ljouwert-Zwolle. Of foar in akwadukt yn de A50 by de Skarster Rien en folle bettere projekten noch mear.
In soad wurden fan de deputearre frou Fokkens, mar 0 resultaat. It ‘VVD-lyntsje’ nei De Haach smyt neat op!